Tille
Appearance
In Tille is in lytse, hege, brêge oer in wetter. Eartiids makke fan hout, letter fan stien en beton. Bygelyks: de Moarstertille oer de Moarster Feart en de Wetsemertille oer it Jellegat. De oantsjutting komt foar yn Fryslân (tille) en Grinslân (til).
In tille fan hout waard eartiids oan it begjin fan de winter faak ôfbrutsen om it hout drûch bewarje te kinnen. Yn de maitiid waarden de planken werom lein. In brêge waard beskôge as in fêste ferbining dy't it hiele jier troch brûkt wurde koe. Yn de rin fan de tiid binne tillen "brêgen" wurden, mar is de namme tille bestean bleaun.
Der binne plaknammen dy't nei de pleatslike tille neamd binne: