Springe nei ynhâld

Jaarlasleat

Ut Wikipedy
It Jellegat by Wetsemer tille, rjochting De Peazens

De Jaarlasleat is in wetter yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Jellegat is de pleatslike namme foar de Jaarlasleat, dy't de Suderie mei de Peazens ferbynt. By Wetsemer tille sit in keardaam yn de feart.

Eartiids lei der eastlik fan Wetsens in spoarbrêge foar "It Dokkumer Lokaaltsje" oer it wetter.

It doarpswapen fan Wetsens hat in blauwe balke dy't de Jaarlasleat foarstelt. De feart is neamd nei de eardere Jaarlastate yn Wetsens.