Springe nei ynhâld

De Peazens

Ut Wikipedy
De Peazens west fan Nijtsjerk op wei nei de seedyk
Ein fan de Peazens yn Peazens-Moddergat

De Peazens wie in rivierke dat by de Dokkumer Ie begûn, en fan dêr nei it noarden en noardeasten rûn oant de doarpen Peazens en Moddergat, dêr't it yn de Waadsee útkaam. Oan de seekant is it yn 1449 ôfsletten, sûnt wettere De Peazens ôf op de Dokkumer Ie. De mûning yn de Dokkumer Ie is yn 1665 in daam makke. Nei de oanlis fan de feart Dokkum-Ealsum waard it wetter ôffierd troch it Noarderfallaat op de Dokkumer grêft.

Fan Dokkum (Noarderfallaat) foarby Ealsum is no de Ealsumer Feart de normale rin fan de Peazens. Fierder nei it westen kringelet noch de Alde Peazens. Wat fierder nei it noarden foarmet de Jaarlasleat in ferbining mei de Suderie.

Fan likernôch 1500 oant de gearfoeging yn 1984 hat de Peazens de skieding west tusken West- en East-Dongeradiel.

Yn it ferline kaam de stream ek as Pasen foar[1]. A.J. van de Aa jout yn syn Het Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden as eardere namme de Donger. Hjoed-de-dei wurdt dat beskôge as in optochte namme as ferklearring foar de nammen fan de Dongeradielen. De namme bliuwt lykwols ûnwis; it is net dúdlik oft it doarp Peazens de namme fan it wetter oernaam hat, of oarsom. As oplossing is útsteld dat de Peazens faaks de Noarderie wêze koe dy't de reden is dat de Suderie net allinnich mar Ie is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Peasens.