Moddergat

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Moddergat
Flagge fan Moddergat Wapen fan Moddergat
Flagge Wapen
Lokaasje fan Moddergat
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2007) 230
Webstee Webstee Dongeradiel
Peazens-Moddergat, efter de seedyk (2008)

Moddergat is in Frysk doarp yn 'e gemeente Noardeast-Fryslân. Foàr de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2019 hearde it ta Dongeradiel, en foar de weryndieling fan 1984 lei it yn West-Dongeradiel. Moddergat is in earder fiskersdoarp. It foarmet in twillingdoarp mei it oangrinzjende Peazens. Yn 2007 hie Moddergat 230 ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moddergat is ûntstien út it fiskersdoarp Peazens wei, wat lei oan de Peazens en wat de slinke dêrfan brûkte foar de fiskersboaten. Om't dy slinke yn de 17e iuw fersâne, mei troch de oanlis fan de Eanjumer - en Ljussenserpolder yn 1592, moasten de fiskers út it doarp doe opskowe nei in oar, wat westliker plak om de fisk oan wal krije te kinnen. Sa ûntstie stadichoan Moddergat oer de grins mei West-Dongeradiel. It foel doe bestjoerlik ûnder Nes[1], mar waard letter in selsstannich doarp. De namme kin sompich lân betsjutte. It doarp bestiet út twa parten. De Kamp leit tsjin Peazens oan en foarmet dêrmei ien gehiel. Fierderop leit De Oere, wat igge betsjut.

De Ramp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monumint op de seedyk

Yn 'e nacht fan 5 op 6 maart 1883 trof Moddergat in ramp, dêr't men eins noait wer oer hinne kommen is. Yn dy nacht wie de float op see. Der stiek in swiere stoarm op. Hast de hiele float is doe fergien. Der kamen 83 fiskers om. It Fiskersmonumint Moddergat op de seedyk jout dêr noch omtinken oan.

De Moddergatsters wienen fiskers en besochten dat ek te bliuwen. In protte fan har gienen yn tsjinst by reders. Guon fûnen wurk oant yn Flaardingen en Emden ta. Oaren besochten as grenatefisker wer in bestean op te bouwen.

Grenatefangst komt oan ± 1937
It grenaatfabryk mei de werf dêr't de aak boud is
Dûanehûs De Oere 10 en 12

Grenatefiskerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Garnalefabryk (Moddergat).

De tiid tusken de beide Wrâldoarloggen wie in goede tiid foar de grenatefiskerij. De fangst op It Waad en de Lauwerssee wie hiel goed.

Yn 1924 kaam der dan ek in koöperative grenatefabryk. Dêr waarden de fongen grenaten drûge en ferkocht as feefoer. Puf, sa as men it neamde, waard brûkt om oan feefoer mear aaiwyt ta te foegjen. Puf wie eins de namme foar ûndermjitske fisk.

It gie sa goed mei it fabryk, dat yn 1930 noch útwreide waard. Yn de Twadde Wrâldoarloch mocht der net mear fiske wurde en boppedat waard it mei de fangsten minder. Yn 1943 foel it beslút om it fabryk mar te sluten.

It gebou stiet der noch altyd. It waard yn 2003 oankocht troch Museum 't Fiskershûske en yn 2004 restaurearre. It tsjinnet no as besikerssintrum en der kin fergadere wurde. As wurkgegelegenheidsobjekt waard besletten om dêr in nije (Wierumer) aak te bouwen. It skip is 8 maart 2008 te wetter litten.

Sûnt 2017 wurdt yn Moddergat en it oanbuorjende Peazens elts jier yn ein juny of begjin july de Dei fan de Fiskerij holden.

De Oere[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

't Fiskershúske

Yn de Dongeradielen hat men besocht om de âlde doarpsgesichten yn stân te hâlden en doarpen wer bewenber te meitsjen. Oan De Oere leinen noch fertutearze fiskerswenten út de twadde helte fan de 18ste iuw. Se binne restaurearre en ien, Fiskerspaad 4, is hielendal wer yn âlde styl werombrocht. Dat is it museum It Fiskershúske wurden.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp docht hast alles teagearre mei Peazens.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 't Reedtsje -
  • De Kamp - buorskip De Kamp
  • De Oere - buorskip De Oere
  • De Wiel -
  • Fiskerspaad -
  • It Grenaatfabryk - It Grenaatfabryk
  • Meinsmawei -
  • Mokselbankwei -
  • Seewei -
  • Skoallereed -

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 27 novimber 2004, einige Moddergat op it twadde plak yn de finale-útstjoering fan it NCRV-telefyzjeprogramma De mooiste plek van Nederland. Nasjonaal Park De Weerribben waard winner, it Lauwersmar waard tredde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo. Dongeradelen. Paesens s. 445. Steatsútjouwerij, De Haach 1983