Peebosk
Peebosk (Nederlânsk en offisjeel: Peebos; pleatslik ek Piebos) is in buorskip en streek yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. Peebosk leit bewesten Doezum tsjin de grins mei Fryslân. De namme komt fan de bosk dat dêr wie en dat eigendom fan in Pebe (Piebe) wie. Yn it ferline waard it ek wol Pebebosch neamd.
Bosk en Sylroede
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wie lange tiid in rûge kontrei fan leechlizzend broek- en feanlân, dy't begroeid wiene mei reid, elzen en wylgen en grinzge oan de delling fan de Lauwers. Yn it eastlik part lei in bosk, rûchwei noardwestlik fan de krúsung tusken de Peebosk en de Doezumertocht. De lêste stikken bosk ferdwûnen yn de Twadde Wrâldoarloch. Oan de Doezumertocht leit noch een houtseagerij en -handel (Van der Naald).
Besuden de bosk rûn de Oude Zijlroe, in âlde tochtsleat dy't nei alle gedachten om 1490 troch muontsen oanlein waard om de wetterôffier te ferbetterjen en dy't fan de Opender Meeden Peebosk bylâns (dêr't no de wei Peebos leit), De Ees(t) en Dorp nei de Schalkendam (om 1300 as 'syl' opheven, tichtby it plak fan de Hilmahuistermole fan no) rûn en lettter (doe't it Kolonelsdjip groeven wie) útmûne by de Dorpstertil yn de Doezumertocht. De Oude Zijlroe bestiet net mear; op guon plakken is de rin dêrfan oernaam troch de Doezumertocht. De wei tusken Peebosk (nei de ophelbrêge út 1930) en de Polder Bombay (Doezumertocht) is bygelyks diels oanlei neist de Oude Zijlroe[1], dy't dêr letter Doezumertocht kaam te hjitten.
De Zanden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It westlik diel fan it gebiet waard ek De Zanden neamd (no in pleats oan de wei Peebos 4) en eartiids Curringerzand, ferneamd nei in ûntginner mei de namme Curringer, ^nei wa't ek Kornhorn ferneamd waard.[2] Yn De Zanden liet jonker Johan Polman I (1579-1653) fan de noardeastliker lizzende boarch Ees(t) (dêr't no buorskip De Eest leit) yn de 17e iuw in ûtginningspleats sette. Ek de Polmalaan is nei him neamd; dy rint út Peebosk wei nei it suden troch it fean dat er om 1630 oankocht hie om te ûntginnen.
Doezumermieden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardwestlik fan de buorskip, yn polder de Doezumermieden, lizze in grut tal petgatten dy't oerbleaun binne fan de ferfeanting; meiïnoar wurde dy De Petten neamd. Yn guon fan de petgatten komt de groene glazenmaker foar, in libellesoort dy't seldsum is. It pettelân wie besit fan gernier Melle Visser, dy't it letter oan Steatsboskbehear ferkocht. Yn 't earstoan woe Steatsboskbehear gjin minsken yn it gebiet hawwe wat de pleatlike befolking min nei't sin wie. Letter waarden der kuierpaden oanlein dêr't de nammen fan ferwize nei de skiednis fan it gebiet (Pettepaad en Melle’s paad út 1999 en Pebe’s paad út 2007).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Peebosch yn it Ierdrykskundich Wurdboek fan Van der Aa
- In de voetsporen van Pebe en Melle, Paul Straatsma (DVHN, 30 oktober 2009)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|