Petgat

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Petgatten ûnder De Feanhoop

Petgatten komme foar yn it feanlânskip, en wurde ek wol feanplassen neamd. De plassen wurde tsjintwurdich faak brûkt foar rekreaasje.

Ut de feangrûn waard eartiids turf ôfgraven om te brûken as brânje. It turf dat wûn waard, waard del lein op smelle stripen, de lisikkers, en der waarden lange plassen, de petten of petgatten, foarme.

Lanskippen mei petgatten binne bygelyks de Nieuwkoopse plassen, it Nasjonaal Park De Weerribben en de Westbroekse Zodden; yn Fryslân: De Deelen, De Alde Feanen en dy by De Feanhoop.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]