De Feanhoop

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
de himrik fan De Feanhoop
Komboerd De Feanhoop
Kraanlannen
Kraanlannen

De Feanhoop is in doarpke yn it westen fan de gemeente Smellingerlân, by de westein fan de Wide Ie. It doarp hat likernôch 250 ynwenners (2012). Der wie oant 2013 in basisskoalle: Op 'e Feanhoop. De doarpskrante hjit "It Feantraperke". Op de Feanhoop fart simmerdeis in pontsje nei de Headammen, tichtby it Nasjonaal Park De Alde Feanen. De earste moandei fan de SKS-wedstriden skûtsjesilen wurde op de Feanhoop fersyld. De jûnen derfoar en dernei stiet der in feesttinte dêr't it der omraken útnaait. It feest dêr't faak grutte nammen út de popmuzyk komme sil dêrom nei in oare lokaasje útsjen moatte. By de Feanhoop leit ek de ark fan de ferstoarne skriuwer Rink van der Velde. Fryske skriuwers kinne de arke brûke om te skriuwen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 19e iuw waard de Beetster Feart groeven foar de feanterij. Oan de ein fan de feart, by de slûs, festigen har hieltyd mear minsken. De measte petgatten waarden as brûkber boerelân oanmakke.
Earst yn 1955 krigen guon fersprate buorskippen in eigen doarpsstatus: De Feanhoop, mar ek De Wylgen en Smelle Ie.

Gea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wynmotor Herkules op De Feanhoop

Yn de 19e iuw is it natuermonimint it Unlân fan Jelsma ûntstien. Dat gebiet is no yn behear by It Fryske Gea. Ek lizze der de Petgatten as ûnderdiel fan de Kraanlannen.

Krekt benoardeasten De Feanhoop stiet in Amerikaanse wynmotor fan it type Herkules Metallicus, dy't oanwiisd is as ryksmonumint.

Gasbuis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de winter fan 2006/2007 is by De Feanhoop in 1,20 meter grouwe gasbuis fan 1060 meter lingte ûnder de Krûme Ie trochboarre. De Gasuny lei de nije gaslieding oan fan it Grinzer Gryptsjerk nei Warkum, dwerstroch Fryslân. De boarring by De Feanhoop is de grutste yn 'e skiednis fan it bedriuw.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it skûtsjesilen wurdt hjir it Feanhoopfestival hâlden.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oantallen foar 1954 ûnbekend.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

't Stalt, Boarnburgumer Heawei, De Flearbosk, Drachtster Heawei, Eijzengapaad, Kanaaldyk, Klusewei, Kraanlânswei, Krúswei, Slûswei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: