Wide Ie (De Feanhoop)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Wide Ie is in mar tusken De Feanhoop en Aldegea en part fan de ferbining fan Drachten mei it Prinses Margrietkanaal. Tusken it Grytmansrak en de Headamsleat leit op de noardwâl de útspanning Ie-Sicht. Op de súdkant leit it doarp De Feanhoop.

De twadde wedstryd fan it skútsjesilen fan de SKS op de Feanhoop wurdt op de Wide Ie en it Grytmansrak syld. Oan de westkant leit it Grytmansrak. Noard fan de Wide Ie jout de Headamsleat ferbining mei Earnewâld en it Prinses Margrietkanaal. Nei it easten rjochting Drachten leit it Smeliester Sân.