Springe nei ynhâld

Wynmotor De Feanhoop

Ut Wikipedy
Wynmotor De Feanhoop yn 2007

De Wynmotor De Feanhoop is in poldermole by it doarp De Feanhoop yn de gemeente Smellingerlân.

De mole is in grutte mealreeë Amerikaanske wynmotor fan it merk Herkules, type Metallicus. De mole waard makke by de Deutsche Windturbinen Werke yn Dresden en ymportearre troch de handelsmaatskippij R.S. Stokvis en Zonen út Rotterdam. Hy hat in wynrêd fan 30 blêden en in diameter fan 11 meter.

Fideo fan de Herkules en it gea yn 2017

De mole waard eartiids yn 1921 delsetten foar de bemealing fan de 391 ha grutte polder De Hege Warren. [1] Hy hat tsjinne oant 1962, doe waard er ferfongen troch in elektrysk gemaal. In jier letter waard de wynmotor troch in partikulier oankocht, dy't him foar takomstige generaasjes bewarje woe. De kosten dêrfoar blieken lykwols heech. Yn 1996 wie de mole yn sa'n minne steat dat hy om slimmer te foarkommen sloopt waard en opslein. Hy waard foar it symboalyske bedrach fan ien gûne ferkocht oan in oare partikulier. Dy waard ferplichte de mole te restaurearjen, mar hy koe de kosten dêrfoar net opbringe. Nei bemiddeling fan de gemeente Smellingerlân waard de mole dêrnei - wer foar ien gûne - ferkocht oan de hjoeddeiske eigener, de Stifting It Damshûs, dy't yn Nij Beets in iepenloft-feanterijmuseum eksploitearret. Dy liet de mole restaurearje. Yn 2000 waard de wynmotor wer yn gebrûk nommem op syn hjoeddeiske stee inkele hûnderten meters ûnder De Feanhoop. Dêr bemealt er oan de Binnenringfeart de Grutte Feanpolder, dy't part is fan it natoerûntwikkelingsprojekt Petgatten De Feanhoop fan It Fryske Gea.

De wynmotor, dy't beheard wurdt troch it Wetterskip Fryslân, is oanwiisd as ryksmonumint. Hy is net te besichtigjen.

  1. Oare boarnen neame 1926 as boujier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: