Springe nei ynhâld

Unlân fan Jelsma en Kobbelân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Unlân fan Jelsma)
Unlân fan Jelsma en Kobbelân
Unlân fan Jelsma (2011)
Unlân fan Jelsma (2011)
lokaasje
neiste plak Aldeboarn
oare ynformaasje
oerflak 20 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

It Unlân fan Jelsma en it Kobbelân binne natoergebieten yn de Lege Midden benoarden Aldeboarn en westlik fan De Feanhoop. De gebieten binne byinoar sa'n 20 hektare grut en wurde beheard troch It Fryske Gea. It binne oerbliuwsels fan blaugerzen middenyn it kultuerlânskip mei raaigers.

Eartiids wie it in boezemlân yn in ferfeante lânskip. Nei ruilferkavelings bleaune in pear stikjes blaugerzen oer, wêrûnder it Unlân fan Jelsma. Hjir binne ek noch petgatten te finen dy't fierhinne ferlâne binne. Der groeie in soad siggesoarten en gerssoarten as bjint, rûkersgers, spanjer en harregers, op de kanten groeit feanrûkersgers. Letter yn it jier bloeit dêr soldatekwaste, mei de blauwe knoop en it skieppeklokje.

It Kobbelân sjocht der wat oars út: it is djipper ferfeante en de petgatten binne sadwaande djipper en dêrtroch is der mear wetter. Der binne kampkes mei moark, fjildfioeltsje en wetterierdbei. Yn de petgatten groeie swanneblommen en giele plomp.

Yn de rûge ouwerbegroeiïng briede fûgels as túfein, slobein, hjerringslynder en mûzebiter en ek it ree fynt beskûl yn de rûchten. De blaugerzen fan it Unlân fan Jelsma wurde bedrige troch de djipûntwettering fan it kultuerlân deromhinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard