Martenastate

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Martenastate yn 2011
De fertutearze state yn 1899

De âlde Martenastate wie in state yn Koarnjum. Hy waard yn 'e 15e en 16e iuw bewenne troch de Martena's, in wichtige aadlike famylje. It hûs waard letter eigendom fan de famylje Vegelin fan Claerbergen. De lêste bewenner wie Duco Martena fan Burmania Vegelin fan Claerbergen. Hy joech it hûs oan de tsjerke fan Koarnjum, dy't de âlde ferfallen state yn 1899 ôfbrekke liet.

De nije Martenastate waard ûntwurpen troch de Ljouwerter arsjitekt W.C. de Groot. It gebou stiet op in eilân yn 'e slotgrêft. It hûs hat neorenessansistyske trepgevels en liuwen op 'e toer. Eat wat de oandacht lûkt is de sipel boppe op 'e toer. De tagongspoarte (út 1620) by de yngong fan it park komt fan it ôfbrutsen Lânskipshûs yn Ljouwert.

Terrein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It 4,5 bunder grutte park om de state is ien fan de rykste stinzetunen fan Fryslân. Yn de maitiid binne dêr ûnder mear Haarlimmer klokkespul, bosktulp, holwoartel, fingerhelmblom, blêdlok, giele anemoan, njirrewoartel en it boerekrookje te bewûnderjen. It behear fan it bûten wurdt dien troch It Fryske Gea.

Yn 2014 waard útein set mei it werombringen yn âlde steat fan it park dat eartiids yn lânskipsstyl oanlein waard. By dy gelegenheid kaam in noch ûnbekende hynstewâd yn de grêft fan de state oan it ljocht.[1]

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Deiblêd 20 oktober 2014, Paardenwed gevonden in water Martenastate, s.23