Sjuck fan Burmania

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Grytman Sjuck fan Burmania foar oproermakkers oer
Print út 1800 - 1837 fan Walraad Nieuwhoff neffens in tekening fan Elias Friedrich Kruger

Sjuck fan Burmania (Britsum, 3 febrewaris 1597 - Snits, 20 juny 1650) wie grytman fan Wymbritseradiel fan 1626 oant 1647.

Hy wie in soan fan Sjuck fan Burmania en Cunier fan Douma en hy troude mei Catharina Entens, widdo fan ritmaster Tonis fan Aylva. Catharina wie tsjûge fan it deastekken fan har man troch de studint Kuik op 'e strjitte yn Ljouwert.

Sy krigen fjouwer bern: Duco, Gemme, Laes en Helena (†25 maart 1712). Sy wennen earst op Martenastate yn Koarnjum en fan 1647 ôf te Snits.
Op 5 oktober 1626 waard er beneamd ta grytman fan Wymbritseradiel. Mei Aede fan Eijsinga late er it tredde hynder yn de roustoet fan Willem Loadewyk (neffens Winsemius). Teffens hat er ferskate jierren folmachtige op de Lândei west en wie er ien fan dejingen dy't yn 1635 trochdreaune dat de Fryske stêden it rjocht krigen om harren eigen bestjoer te kiezen, wat oant doe ta foarbeholden wie oan de steedhâlder.

Hy ferstoar trije jier neidat er it grytmanskip oan syn soan Duco fan Burmania oerjûn hie.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: