Springe nei ynhâld

Bancopolder

Ut Wikipedy
Bancopolder
lokaasje
neiste plak De Lemmer
oare ynformaasje
oerflak 21 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

De Bancopolder leit yn de Brekkenpolder by De Lemmer, tusken de Dorawei en de Koaiwei, yn de gemeente Lemsterlân.

De 21 hektare grutte polder bestiet út petgatten, setwâlen en reidfjilden. It Fryske Gea beheart hjir grûn fan de Ottema-Kingma Stichting. It noardlike diel is eigendom fan Steatsboskbehear. Dizze wiete polder is allinnich op oanfraach tagonklik.

De Bancopolder is in leechlizzzende polder, it wetter wurdt fêsthâlden troch de kaai der omhinne. It troch reiden omseame wetter jout beskûl oan wetterfûgels. De measte petgatten binne sterk ferlannne, mar der binne ek grutte driuwtillen. De reiden wurde ien kear jiers (foar it briedseizoen) ôfsnien. It rûge terrein yn de flakke polder jout ek dekking oan de ree.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard