Springe nei ynhâld

Mokkebank

Ut Wikipedy
Mokkebank
Mokkebank
Mokkebank
lokaasje
neiste plak Laaksum (Iselmar)
oare ynformaasje
oerflak 1456 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

De Mokkebank is in mei reid, rûchten en boskjes begroeide sânplaat yn de Iselmar. It natoergebiet fan 66 hektare leit troch in begroeide slinke los fan Gaasterlân. Dêromhinne leit in wetterfûgelreservaat fan 1.456 hektare.


De bank ûntstie krektas de waarden oan de westkust troch de ôfsluting fan de Sudersee. Dêrtroch kaam east fan Laaksum in sânplaat drûch te lizzen. Hjir sieten in protte seefûgels op. Doe’t de slinke tusken de fêstewâl fersâne kamen de eilantsjes en platen oan de fêstewâl fêst te sitten.

Yn de kwelderfegetaasje sieten yn it earstoan in protte stirns. Yn 1941 sieten der wol twatûzen pear grutte stirns. Mei it tanimmen fan de begroeiïng ferdwûnen de fûgelkoloanjes en kamen der grutte fjilden fan reid en biis. De platen kamen geandewei fierder nei it easten te lizzen. De slikige, net begroeide eastlike plaat hjit de Slykhoeke. Oan de seekant ûntstienen troch opstowing troch waar en wyn sândúntsjes.

Hjerringslynder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de foarm fan de kustline binne der kloften klysters, miezen, reidsjongers, reidklysters en syskes te finen. Oan de bûtenkant fan de bank sit in ringstasjon dy’t de oantallen al sûnt begjin santiger jierren byhâldt.

Tusken augustus en oktober binne der faak tsientûzenen hjerringslynders dy’t op de Mokkebank komme om te ruien. Se ferlieze dan alle slachpinnen tagelyk en kinne dan in skoftlang net fleane. As de fûgels net op spjirring fiskje, sitte se yn it ûndjippe wetter by de mokkebank om te poetsen en te sliepen.

Op de bank binne skrale greiden, rûchten en strewellen en in grut ferskaat oan planten. De begroeiïng liket op dy fan de waarden, it eigen karakter komt mooglik troch it sypwetter út Gaasterlân by Laaksum. Oan de dyk is in wylgebosk ûntstien dêr’t in seldsum soarte trijekantgers groeit. It behear fan It Fryske Gea is om skraal greidlân te krijen dêr’t ek orchideeën groeie. Ut de fûgelsjochhutte wei binne bytiden ek ree, foks en das te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard