Lindefallei

Ut Wikipedy
Lindefallei
Stuttebosk yn de Lindefallei
Stuttebosk yn de Lindefallei
lokaasje
neiste plak Wolvegea
oare ynformaasje
oerflak 785 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

De Lindefallei (Stellingwerfsk en offisjeel: Lendevallei) is in natoergebiet súd fan Wolvegea. De earste stikken moeraslân kamen om 1940 yn besit fan It Fryske Gea.

Oant 2007 krige de natoerbeskermingsorganisaasje 785 hektare yn de beekdelling fan de Stellingwerfske rivier de Linde (Stellingwerfsk: Lende) yn eigendom. Dêrûnder binne de Helomapolder, Driessenpolder, Gorterspolder, Lindepoolder, it Botkereservaat, Onland en it Oude Stroomdal. It gebiet rint rûchwei fan De Hoeve oant foarby de Trijeweislûs by Nijetrine en is ûnderdiel fan de 'wiete as' fan moerasgebieten op de grins fan Fryslân en Oerisel. It natoerbelied is rjochte om de Weerribben en de Wieden yn Noardwest-Oerisel fia de Lindefallei mei de Rottige Meente yn Fryslân te ferbinen.

Tusken 1922 en 1927 waard de Linde kanalisearre. Derby waarden grutte stikken fan de beekdelling ûntgûn. De ûntginning blykte funest foar de natoerhistoaryske wearden yn de beekdelling. Mei in systeem fan sleatten, keardamen en kleppen waard yn it netoerreservaat ferdrûging tsjingien. Yn de 21e iuw binne ek in tal meänders fan de rivier wer iepenlein. De Lindefallei is ryk oan elzebroekbosk. De beammen groeiden hurder troch de ferdrûging en it ferlânjen fan petgatten. Oan de noch oerbleaune petgatten groeie wetter- en moerasplanten as grutte djerreblom, trijekantgers, wetterpinksterblom en krânsfearkrûd. Ek in soad libellesoarten fine hjir in leefgebiet.

De Lindepolder (Stellingwerfsk: Lendepoolder) is in grutte plasse yn it om 1930 ûntgûne petgattegebiet. Yn 1990 waard dit foar boerelân oangekocht troch It Fryske Gea. Troch it wetter net langer út de polder te pompen waard dy gaadlik foar moerasfûgels as blaustirns en blauboarstke, mar ek foar etterfûgels as hjerringslynder en east-ein. Ek wurde greidefûgels as ljip en wylp, en boskfûgels as grutte bûnte spjocht en hauk in gaadlik plak yn it ôfwikseljende lânskip.

Mole en slûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De achtkante wettermûne by de Blessebrêge krige nei restauraasje yn 1991 de namme ‘De Gooyer’. Geert Gooyer wie de eardere mûnder en opsjenner fan It Fryske Gea yn dit gebiet. Yn de Helomapolder stiet it Helomaslúske, in 18e-ieuske houten feanslûs. Mei dit slúske waarden de turfpreammen skutten dy't de wûne turf oer de Linde ôffierden. It wurdt no út kultuerhistoaryske eachpunt yn stân hâlden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard