Blauboarstke

Ut Wikipedy
Blauboarstke
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Miggesnappers (Muscicapidae)
soarte
Luscinia svecica
Luscinia svecica cyanecula

It Blauboarstke (Luscinia svecica) is soarte út de famylje fan de Miggesnappers (Muscicapidae), ûnderfamylje paapkefûgels (Saxicolinae).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Blauboarstke is in fynboude fûgel mei in fine skerpe snaffel lykas alle ynsekteniters. It mantsje is goed wer te kennen oan syn blauwe boarst mei dêrom hinne in swart en readbrune boarstbân. De wyfkes misse de opfallende blauwe kleur.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Readstjerdblauboarst

It Blauboarstke komt yn grutte dielen fan Jeropa foar, mar ek yn Aazje en sels yn Alaska en it westen fan de Yukon. It is in trekfûgel dy't yn Súd-Spanje, Noard-Afrika as yn it suden fan Aazje oerwinterje. In Nederlân nimt it oantal briedende blauboarstkes al jieren ta, foaral yn de "nije" briedgebieten Oostvaardersplassen en it Lauwersmar. Yn en krekt bûten Fryslân is it blauboarstke it machtichst yn tal yn de Alde Feanen en de Wieden/Weerribben.

Der binne 11 ferskillende rassen (of ûndersoarten) te ûnderskieden: de Readstjerblauboarst (Luscinia svecica svecica), mei in read kielplak, komme yn it noarden fan Jeropa en yn de Alpen foar. De Wytstjerblauboarst (Luscinia svecica cyanecula), mei in wyt plak op de kiel, komt yn de rest fan Jeropa foar. De Kaukasusblauboarst fan ûnder oaren Turkije (Luscinia svecica magna) hat gjin aparte flek yn de blauwe boarst.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie leit it wyfke 6 oant 7 blaugriene aaikes mei readbrune stippen. De aaikes wurde troch beide âlden yn sa'n twa wike útbret.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Blauboarstke (Luscinia svecica) – foto, fideo en harktriemmen

SOVON - Blauwborst