Springe nei ynhâld

Lindebosk

Ut Wikipedy
Lindebosk
lokaasje
neiste plak Aldeberkeap
oare ynformaasje
oerflak 40 ha
stifting 2012
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

De Lindebosk (Stellingwerfsk en offisjeel: Lendebos) is in natoergebiet by Aldeberkeap dat beheard wurdt troch It Fryske Gea. It gebiet yn de Lindefallei leit tusken de Bovenwei en de it rivierke de Linde. Oan de eastkant fan de bosk leit natoergebiet de Bekhofskâns.

It langhalige gebiet fan 40 bunder hat in lingte fan hast in kilometer is in pear hûndert meter breed. De bosk leit temidden fan greiden en is net iepen foar publyk. [1]

De bosk waard nei de Frânske tiid oanplante troch de famylje Willinge Prins yn in tiid dat de lânbougrûn troch de lânboukrisis net folle opsmiet. De bosk wie bedoeld foar ikekaphout dat ferkocht waard oan bakkers om de ovens te stoken. De putsjes yn de bosk binne oerbliuwsels fan boskkloppers (iikskylders) dy’t de ikebast brûkten foar de learloaierij. Neidat de Lindebosk nei de Twadde Wrâldoarloch yn hannen komd wie fan de famylje Spaanders út Tytsjerk waard de bosk yn 2012 oankocht troch It Fryske Gea.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trochdat der in soad liem yn de sângrûn sit wurdt it wetter yn dit gebiet lang fêstholden. Yn it ôfwikseljende bosk binne ek stikken mei heide en moeras. Yn de bosk komme dasseboargen foar. It behear is rjochte op befoardering fan ferskaat. Dêrom binne stikken mei in soad Japanske lariksen úttinne om beammen as iik en boek mear kânsen te jaan. Op de grûn groeie planten as rintfear, plomfear en weewoartel. Yn dit rêstgebiet foar fûgels sykje reeën beskûl yn it strewelleguod.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard