Petgatten De Feanhoop

Ut Wikipedy
Petgatten De Feanhoop
lokaasje
neiste plak De Feanhoop
oare ynformaasje
oerflak 200 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

De Petgatten De Feanhoop is in natoergebiet fan 200 hektare by De Feanhoop dat bestiet út petgatten en boezemlân. It is in Natura 2000 gebiet en wurdt beheard troch It Fryske Gea.

Yn 1996 waarden de oan de súdwestside lizzende Kraanlannen troch It Fryske Gea ynrjochte as grut oanienslutend wetter- en moerasgebiet.[1] It gebiet De Kraanlannen is neamd nei de kraanfûgels dy't dêr yn de sechtjinde iuw bret hawwe neffens in plakkaat út 1542. It wetter- en moerasgebiet bestiet út foar in feangebiet skaaimerkende broekbosken, petgatten en stripen. Sawol de heger lizzende net ferfeante stikken as de letter yn kultuer brochte ûndergrûnen wurde brûkt as healân. Oan de ouwers fan de petgatten binne grutte horsten fan de plomsigge.

It behear is rjochte op behâld fan blaugersfegetaasje en op de spontane ûntwikkeling fan moerasboskjes en reidlân. It bemeallen bart yn syklyske peroades wêrby't hieltiten in oar part fan it gebiet bemeald wurdt om slikrike stripen ûntstean te litten. Dit jout gelegenheid ta it ûntjaan fan pioniersplanten as wylde andyvje, foarkestekker en readskonken.

Troch it fergraven fan de Bonnebuskepetten yn it ramt fan natoerûntwikkeling ûntstie der mear iepen wetter, reid en rûchte. De Oksekop en de Noarderkrite binne benammen weardefol as djerreblommhealân. Op de Noarderkrite groeit de grutte rinkelbel.

Yn it gebiet stiet Wynmotor De Feanhoop.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard