Aeltsje- en Warkumermar
Appearance
Aeltsjemar | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Ferwâlde en Warkum | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 164 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Aeltsjemar (ek wol Aaltsjemar) en Warkumermar binne bysûndere drûchmakkerijen yn it westen fan Fryslân de Aeltsjemar by Ferwâlde en de Warkumermar by Warkum, by elkoar 164 hektare grut. Yn dy lêste polder leit it leechste lân fan Fryslân. It natoergebiet wurdt beheard troch It Fryske Gea.
De feanpolder by Ferwâlde ûntstie om 1644 út de Aaltsjemar. It foarme eartiids de Fallingabuorster- en Aaltsjemarpolder, en hat in eigen wetterskip west. It foarmet tsjintwurdich in mienskiplik natoergebiet mei de Arkumermar. Yn beide polders komme in soad guozzen. It izerhâldende grûnwetter fan de Aaltsjemarpolder komt yn greppels en sleatten nei boppen. Yn de fjilden mei hynsteblom en soere surk briede in soad greidefûgels.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |