Park Huzinge Olterterp
Park Huzinge Olterterp | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Olterterp | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 5,5 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
Park Olterterp is in park fan 5,5 hektare by huzinge Olterterp oan de Van Harinxmawei yn Olterterp. Yn it park, oanlein yn de Ingelske lânskipsstyl dy't liket op dy fan túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard, stiet it haadkantoar fan It Fryske Gea.
As it park mei syn weagjende reliëf, slingerpaden, de fiver en de heuvel troch Roodbaard oanlein is, dan soe it in pear jier nei de bou fan it slot, yn 1793, oanlein wêze moatte. It slot wie eigendom fan de famylje Van Boelens, is yn 1907 ferfongen troch it tsjintwurdige lânhûs, Huzinge Olterterp.
Yn it park steane brune bûkebeammen dy't earder de 'tolve apostels' fan de oertún symbolisearren. Yn de bosk steane neist oare beammen ek rodendrums. Yn de âlde beammen briede fûgels as boskûle, blauspjocht en appelfretter. Ek ringslang en blynslang kinne hjir oantroffen wurde.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |