Springe nei ynhâld

Oertún

Ut Wikipedy
Oertunen lâns de Ie yn Drylts (2014)
De oertún fan Lyndenstein yn Beetstersweach

In oertún is in tún dy't troch de iepenbiere wei of troch wetter fan de wenning skieden wurdt.

In bekende stêd mei oertunen is Drylts. De oertunen waarden dêr brûkt as blikke. De blikken binne al lang lyn oernomd troch de gemeente en de bewenners (as se in wenning hienen dêr't orizjineel in blikke by heart) meie se brûke ûnder betingst dat de blikke yn âlde steat bliuwt. Yn Starum binne de oarspronklike oertunen no in lange gersstrook dy't tusken de wei en it wetter rint.

Ut de Saanstreek is de oertún ek bekend, hoewol't der net folle mear fan binne. Dêr waarden de oertunen krekt net as blikke brûkt: de blikke wie by de huzen. Omdat dêr gjin heech opgeand beamte stean mocht, dat it bleekjende linnenguod ommers út de sinne hâlde soe, rjochten begoedige Saankanters yn de 18e en 19e iuw oan de oare kant fan de weisleat lommerrike oertunen yn, dy't benammen in sierfunksje hiene. Soksoarte oertunen komme ek foar oan de Utertske Fecht.

Wer oars is de situaasje yn Kolhorn: de oertunen oan de Nije Streek yn it âlde Suderseedoarp wienen oarspronklik opslachplakken fan turf, tar of rikke fisk en waarden pas letter as tunen ynrjochte. Se wurde troch in fuotpaad fan de wenningen skieden.