Heide Hulstreed
Appearance
Heide Hulstreed | ||
De heidedobbe | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Jobbegea | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 2,77 ha | |
stifting | 2015 | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Heide Hulstreed is in natoergebiet by Jobbegea. It leit oan de Hulstreed, in syddyk oan de súdkant fan de Skoatterlânskedyk. De heide leit yn in âld heidegebiet mei sânpaden en houtwâlen. Oars as de omlizzende stikken lân is it gebiet by de Hulstreed nea yn kultuer brocht. It waard yn 2015 oankocht troch It Fryske Gea.
Yn dit gebiet is op in lyts oerflak in grut ferskaat oan natoer. De heide bestiet út skrobberheide en grutte pôlen biezemheide. Yn it boskdiel fan it gebiet sitte boskfûgels as de Gielfink yn de strewellen sitte flinters. Yn en by de ûndjippe heideplasse komme kikkerts, libellen en ringslangen foar. Tusken de heide steane op guon plakken rodendrums.
-
buordsje Hulstreed
-
Hulstreed
-
Hulstreed