Einekoaien Lytse Geast en Ketelermar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Einekoaien Lytse Geast en Ketelermar
lokaasje
plak Ljouwert
oare ynformaasje
oerflak 11 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea

Einekoaien Lytse Geast en Ketelermar is in natoergebiet fan 11 hektare, east fan Ljouwert ûnder de buorskippen Lytse Geast en Aldemiede. Dêr lizze in diels ferlâne marke, de Ketelermar, mei dêr omhinne in tal einekoaien yn de iepen greiden. In lânskiplike wearde krijt it gebiet troch de koaiboskjes fan de Mulderskoai, de Casteleinskoai en de Van Asperenkoai. It gebiet is allinnich tagonklik foar groepen, mar wol bûten it briedseizoen. It gebiet is yn behear by It Fryske Gea.

Lytse Geast leit krektas de einekoaien op in sânopdûking yn de greiden op feangrûn. De iuwenâlde einekoaien leinen by de oanlis oan de Louwsmar, dy't yn 1780 drûchmeald is. Oant yn de Twadde Wrâldoarloch rûn it gebiet tusken Lytse Geast en Wergea winterdeis ûnder wetter. Yn de jierren fyftich waard it lân ûntgûn en waard it folle drûger.

Op de Ketelermar groeie keale jonker, barchjeblom en plomsigge en der groeit in soad trosflear. De begroeiing fan de koaibosken hinget ôf fan de grûn. De Casteleinskoai leit op sângrûn, mei in soad iken, bjirken en lysterbeien. De Mulderskoai leit op feangrûn en is sadwaande folle wieter, dat te sjen is oan de elzeboskjes. Yn klaaigrûn fan de Van Asperenkoai komme fanâlds yp, esk en eskdoarn foar. Yn de koaien briede soms koloanjefûgels as roeken en ielreagers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard