Springe nei ynhâld

Esk

Ut Wikipedy
esk
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift lippeblomeftigen (Lamiales)
famylje oliven (Oleaceae)
skaai esken (Fraxinus)
soarte
Fraxinus excelsior
Linnaeus, 1753
ferspriedingsgebiet

De Esk (Fraxinus excelsior) is in plantesoarte út de olivefamylje (Oleaceae). It is in leafbeam dy't lânseigen is yn Jeropa. It is in beam dy't frijwat hurd waakst en sa'n 40 m heech wurde kin.

De beam hat in ûneven fearre blêd, dat út sân oant trettsjin dielblêden bestiet. De lansetfoarmige blêden, sûnder stâlen, steane krúslings tsjin inoar oer. De kroan fan de beam is iepen, sadat er in soad ûndergroei mooglik is. Yn de winter ferliest de beam syn blêd.

Fraxinus excelsior

De Esk bloeit ear't it blêd der is. It blêd komt trije oant fjouwer wiken letter as by de measte oare beammen. De fruchten hawwe wjukjes dy't helpe by de fersprieding op de wyn. De knoppen binne swart, mei koart, filteftich hier en in koart staltsje. De bast bliuwt lang glêd en geef, by de âldere beam komme der ticht op elkoar steande greven yn.

In esk freget fiedsume grûn mei leafst wetter tichteby of wiete grûn. In natuerlik eskebosk ûntstiet dan ek yn beekdellings. Yn Fryslân is de Esk sadwaande fral in beam fan de klaai.

De Esk komt foar op hast it hiele Jeropeeske kontinint, yn súd-Noarwegen en Sweden, east fan de Swarte See yn de Kaukasus en yn in smelle strook yn noard-Spanje. Fierders ek yn de Britske Eilannen, mar sûnder noardlik Skotlân en ek net yn noardwest Ierlân.

It siedwinnen kin yn twa tiden dien wurde. Yn de earste helte fan augustus is it sied noch grien, mar kin al siedde wurde, omdat it dan noch gjin kiemrêst hat. Ornaris bliuwt it sied de hiele winter sitten en moat de perioade fan de kiemrêst dien wêze ear't it sied útrinne kin en rispe wurde kin.

It hout fan de Esk is ljocht fan kleur, taai en sterk. Fanwegen dy eigenskippen wurdt it hout brûkt foar de lizzers fan gymnastyktastellen en foar stâlen fan bilen, foarken en botsen en út reden fan de flamtekening ek foar meubels, flierren en treppen. Eartiids waarden jonge tûken wol as iten foar fee brûkt. De duorsumens fan eskenhout bûtendoar is lykwols frijwat leech: it wurdt yndield yn klasse 5, de leechste klasse.

De Esk is, lykas de Wylch geskikt om knotte te wurden.

Alde esken yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Helge Vedel/Johan Lange, Bomen en struiken in bos en veld. Moussault's útjouwerij, Baarn (1976)