Frucht (plant)
In frucht is it ryp wurden fruchtbegjinsel fan in blom en befettet oer it algemien de nei de befruchting út 'e siedknoppen ûntwikkele sieden. Soms fynt der fruchtfoarming sûnder siedfoarming plak; dat ferskynsel wurdt partenocarpy neamd (fan it Grykske parthenos, "faam", en karpos, "frucht"). Foarbylden fan partenokarpe fruchten binne komkommers en pitleaze sinesapels en manderyntsjes.
It fruchtbegjinsel is gearstald út ien of mear fruchtblêden. Dy kinne elts ôfsûnderlik in fruchtbegjinsel en dêrút in frucht ûntwikkelje, mar se kinne ek fergroeie ta in ien- of mearhokkich fruchtbegjinsel en sa mei-inoar ien frucht foarmje. Soms wurdt in mearhokkige frucht foarme troch it ûntstean fan falske tuskenskudden; sa foarmet de toarnapel in fjouwerhokkige frucht. Oer it generaal kin men lykwols stelle dat der fjouwer soarten fruchten binne as men útgiet fan it ûntstean.
As út ien blom ien frucht groeit, neamt men dat in inkelfâldige frucht (bgl. in apel of in par). Untstean út ien blom mear fruchten, dan sprekt men fan in rjufâldige frucht (bgl. in framboas of in toarnbei). Soks kin allinnich mar by in blom mei mear as ien stamper. In gearstalde frucht (lykas in ananas) is ien dy't út in kloft fan ferskate blommen ûntstien is, wêrfan't de fruchtbegjinsels ta ien massa fergroeid binne. En ta einbeslút binne der ek noch skynfruchten, wêrby't it fruchtbegjinsel mei oare dielen fan 'e blom (lykas de blomboaiem) útgroeid is ta in frucht; foarbylden dêrfan binne ierdbeien, figen en kantsjes (roazebottels).
Fruchtsoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fruchten kinne fierders nei uterlike skaaimerken ferparte wurde yn fleizige fruchten en drûge fruchten.
- fleizige fruchten
- beien (bgl. tomaat, meloen, blauwe blebberbei, drúf, banaan)
- gearstalde fruchten (bgl. ananas)
- kantsjes (bgl. kantsje (roazebottel))
- komkommerfruchten (bgl. komkommer)
- oranjefruchten (bgl. sinaasappel, mandaryn)
- pitfruchten (bgl. apel, par)
- stienfruchten (bgl. kers, prom, pjisk, kokosnút, toarnbei, framboas)
- drûge fruchten
- iepenspringende fruchten
- klûsfruchten (iepenspringend, mei ien sied de frucht) (bgl. geranium, springsied)
- doasfruchten (iepenspringend, mei mear as ien sied de frucht)
- hau (op syn minsten trije kear sa lang as dat er breed is) (bgl. koalsied, pinksterblom)
- hauke (heechút trije kear sa lang as dat er breed is) (bgl. judaspeinje, leppeltsjedief)
- iepenspringende doasfruchten
- mei in lid (bgl. readerf)
- mei kleppen (bgl. lyts fioeltsje, stikelbei, soere klaver)
- mei poariën (bgl. papaver)
- mei spjalten (bgl. orgidee)
- mei tosken (bgl. reade koekútsblom)
- kokerfruchten (bgl. djerreblom)
- pûlfruchten (bgl. beane, earte)
- net-iepenspringende fruchten
- dopfruchten (net-iepenspringend, mei ien sied de frucht)
- inkele dopfruchten (bgl. bûterblom)
- nuten (inkele dopfrucht mei ferhoute fruchtwand) (bgl. hazzenút, bûkenút, kastanje, ikel)
- nútsjes (gauris mei in fruchtplúske) (bgl. hynsteblom, krúswoartel)
- dûbele dopfruchten (bgl. eskdoarn)
- rjufâldige dopfruchten (bgl. ierdbei)
- splitfruchten (spjalt him by rypheid yn ôfsûnderlike dopfruchten)
- wjukte nuten (bgl. esk, yp)
- inkele dopfruchten (bgl. bûterblom)
- nôtfruchten (bgl. gerssied, koarn, weet, hjouwer, rogge)
- dopfruchten (net-iepenspringend, mei ien sied de frucht)
- iepenspringende fruchten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|