Springe nei ynhâld

Leppeltsjedief

Ut Wikipedy
leppeltsjedief
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift koaleftigen (Brassicales)
famylje koalen (Brassicaceae)
skaai leppeltsjedieven (Capsella)
soarte
Capsella bursa-pastoris
(Linnaeus) Medikus, 1792

De Leppeltsjedief (Capsella bursa-pastoris) heart ta de koalfamylje. It is in rjochtopsteande plant mei wite blommen en bochtich takkelige blêden yn in woartelrozet. De leppeltsjedief is in tige algemiene wylde plant, dy't sawol yn tunen as op ruderale grûnen foarkomt,en yn bjirmen, strjitrânen, muorren, ensfh. fûn wurde kin.

Oare Fryske nammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme komt fan de hertfoarmige 6 oant 9 mm lange haukes, dy't it model hawwe fan de tas dy't earder troch skepers en boeren brûkt waard. Yn de folksmûle stiet de leppeltsjedief ek bekend as leppeltjeblom, dûbeltsjedief, einepoat en foarkjes-en-leppeltsjes.

De oant 60 sm hege plant is ien- of twajierrich, en bloeit fan maart oant septimber. Rûnom de spoelfoarmige woartel steane de woartelblêden yn in rozet; de wite blommen steane yn in strús groepearre. De leppeltsjedief is in winterfêste plant. Se freget in goed wettertrochlittende, wat sânige, stikstofhâldende grûn yn sinne of healskaad. De blommen hawwe fjouwer oant 3 mm lange wite kroanbledsjes. De tsjelkblêden binne oant heal sa lang as de kroanblêden.

De pinfoarmige woartel is faak ferhoute. De blommen binne strúsfoarmich by inoar.

De plant komt yn de hiele wrâld foar mei útsûndering fan Polyneezje, fan Yslân yn it noarden oant yn de Alpen en de Pyreneeën op 3000 meter hichte. Hoewol't de plant troch in soad ynsekten opsocht wurdt, komt der relatyf mar in bytsje krúsbestowing foar. Der is wol faak sprake fan selsbestowing, dêrtroch binne der in soad fêst ferervjende farianten.

De plant komt wierskynlik fan oarspring út it gebiet fan de Middellânske See.

De leppeltsjedief wurdt faak oantaasten troch de skimmel Cystopus candidans. Soks docht û.o. bliken út pleatslike ferdikkings en in wite oanslach.

It krûd wurdt yn ferskate produkten ferwurke. Yn de folksgenêskunde waard / wurde ôftreksels brûkt tsjin bliedings, ûntstekkings fan de urinewegen, en as kompres op iepen bliedzjende wûnen.
Jonge (foar de bloei) rozetbledsjes kinne brûkt wurde yn salades, of smoard yn it sopsoarten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]