Heide

Ut Wikipedy
In heidefjild yn Nederlân.

Heide of heidlân is in mei strewellefegetaasje begroeid lânskipstype dat foarkomt op ûnfruchtbere, soerhâldende ûndergrûnen lykas heechfean en ûntkalke dúngebieten. It wurdt karakterisearre troch iepen gebieten dy't bedutsen binne troch in leechgroei fan houtige planten út 'e heide- en beikeheide-famyljes.

Heide komt fral foar yn gebieten dy't in seeklimaat hawwe, mei in hege luchtfochtichheid, net al te waarme simmers en gjin strange winters. Om heidelânskippen te behâlden moatte geregeldwei kolonisearjende heechgroeiende plantesoarten lykas beammen ferwidere wurde. Ek it ôfbrânen fan stikken heide is út en troch needsaaklik.

Heide is in lânskipstype dat yn Jeropa frij beheind foarkomt, yn Nederlân, Flaanderen, Dútslân, op 'e Britske Eilannen (ynkl. Ierlân) en ferspraat by de kusten fan 'e Middellânske See lâns. Bûten Jeropa komt it ek foar yn dielen fan Kalifornje, Austraalje, Nij-Kaledoanje en sintraal Sily. Yn Nederlân komt heide benammen foar yn dúnlânskippen en yn heechfeangebieten. Yn it binnenlân binne it eins sûnder útsûndering kultuerlânskippen, dy't ûntstien binne troch de yntinsivearring fan 'e skieppehâlderij yn 'e Midsiuwen en troch it ôfplagjen fan 'e boppelaach fan 'e boaiem.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.