Ree
De (of it) ree (Capreolus capreolus) is in lyts algemien soarte hart dat benammen yn Europa foarkomt. Yn Aazje libbet de besibbe Sibearyske ree (Capreolus pygargus). It heart ta de Artiodactyla.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ree hat in sângiele oant readbrune simmerfacht, by't winter is dizze mear griisbrún oant swart fan kleur. Folwoeksen bisten hawwe gjin flekken. Dúdlik te sjen is de wite oant gielige rompflek. By mantsjes is dizze flek simmerdeis frij ûndúdlik. De noas is swart en de kin is wyt. De sturt is frij lyts (2-4 sm.) en allinnich sichtber by it skiten. Winterdeis stekt by it wyfke in boskje wite hierren tusken de efterpoaten nei efteren, dat op in sturt liket.
De folwoeksen reebok hat in ienfâldich gewei, besteande út maksimaal trije punten. It gewei is maksimaal 25 sintimeter lang. Yn de winter groeit it gewei, en de basthûd wurdt ôfskuord tusken maart en juny. Tusken oktober en jannewaris wurdt it gewei ôfsmiten. In inkelde kear komme ek wyfkes (reegeit) mei in gewei foar. In ienjierrige jonge reebok mei allinnich noch twa knopkes wurdt ek wol knopbok neamd. As it gewei noch gjin fertakkingen fertoant, wurdt it in spitser neamd; en heart by in leeftiid fan om ende by de twa jier. In gaffel hat ién fertakking en de byhearrende reebok is dan twa a trije jier. Aldere reebokken hawwwe in saneamde seiseinder, mei twa kear trije punten. Op lettere leeftiid soenen se wer in fertakkingsleas gewei krije kinne.
De ree hat in kop-romplingte fan 95 oant 140 sintimeter, in lichemsgewicht fan 16 - 35 kilogram en on skofthichte tusken de sechtich en njoggentich sintimeter. Mantsjes binne oer it generaal grutter as wyfkes. Mantsjes hawwe gemiddeld in skofthichte fan 64 - 67 sintimeter, wyfkes fan 63 - 67 sintimeter.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ree is in "knabbelder": hy fret brombeien, beien, twigen, skeuten, knoppen en leaten fan strûken en beammen as roazestruken en konifearen, krûden, gerzen, blêden, nuten, poddestuollen en lânbougewaaksen as tulpen, nôt en kroppen. Simmerdeis fiet er him ek mei jonge bledjes, en yn de hjerst ek mei ikels, wylst knoppen en twigen winterdeis mear fretten wurde. Hy is frij selektyf en yt allinnich de meast fiedsume dielen fan in plant. Tusken frette en wjerkôgje sit meastal sa'n ién (simmer) oant twa oere (yn de winter).
De ree is benammen yn 't skimer aktyf. Fan septimber - april is hy benammen nachts aktyf. Fan maaie - augustus is hy ek mear oersdeis te sjen, en yn gebieten dêr't hy net fersteurd wurdt lit hy him ek mear oerdei sjen.
Beide geslachten hawwe it grutste diel fan it jier in territoarium. Meastal oerlapet it territoarium fan in mantsje dat fan ien of mear wyfkes. De territoaria fan mantsjes oerlaapje elkoar net, en de grinzen fan in territoarium wurde oer it algemien bepaald troch de grinzen mei aangrinzjende territoaria fan oare mantsjes. Territoaria fan wyfkes oerlaapje elkoar meast net, maar soms oerlapet it territoarium fan in âlder wyfke hielendal of foar in part dat fan har dochters. Reeën libje meast solitêr. Soms libje se yn lytse groepkes fan in wyfke, har keallen en inkeldris in bok. Ienjierrige reeën libje meastentiids ek yn groepkes. Ienjierrige geiten libje meastal yn groepkes fan twa, ienjierrige bokken yn groepks fan twa oant fjouwer, soms mei âldere bokken sûnder in eigen territoarium.
Winterdeis binne reeën minder territoriaal, mooglik omdat de bisten enerzjy sparje moatte troch frettentekoart, of omdat troch krapte oan fretten bisten faker harren eigen territoarium ferlitte moatte om fretten te finen. Se kinne har dan bytiden gearfoegje yn kuddes fan oant wol tritich bisten, mei in dúdlike hiërargy tusken de bokken.
De ree wordt maximaal tweintich jier âld, mar de measte bisten wurde yn it wyld mar sân of acht jier âld. Wyfkes wurde wat âlder as mantsjes.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As ienige evenhoevige hat de ree in ferlingde draachtiid. De brûnsttiid falt yn july en augustus, mar pas ein desimber, nei in ferlingde draachtiid fan 150 dagen, komt it embryo ta ûntwikkeling. Hjirnei duorret it noch sa'n 144 dagen foardat it keal smiten wurdt, ein maaie, begjin juny. Geiten dy't net yn de simmer drachtich wienen reitsje yn oktober in twadde keer brûnstich. Dizze bisten sille gjin ferlinge draachtiid ûnderfine, en harren keallen wurde om deselde tiid smiten as de bisten dy't simmerdeis drachtich rekken.
Trijekwart fan alle woarpen binne twillings, mar ek ienlingen en trijelingen kommme foar. It jong is by de berte 1,3 - 2,3 kilogram swier en hat in brunich swarte facht mei rigen wite flekken oer de rêch en de flanken. Op de boppelippe rint in dúdlike swarte snor. Nei seis wiken ferdizenje de flekken, en yn oktober binne de flekken ferdwûn. De sûchtiid duorret seis oant tsien wiken. Jonge keallen wurde sa'n seis oant tsien kear deis sûge foar in pear minuten, âldere keallen mar twa oant trije kear deis. De rest fan de tiid binne de keallen allinnich. Twillings wurde meast apart fan elkoar sûge, sa'n tweintich meter út elkoar.
It jong bliuwt by de mem oant de folgjende woarp, dêrnei wurdt it fuortjage. meastal binne bisten nei fjirtjin moannen geslachtsryp, mar der binne gefallen bekend wêrby't bisten al nei fjouwer moannen geslachtsryp wienen.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste fijân fan de ree is de Euraziatyske lynx. Ek wolf, brune bear en hûnen jeie op reeën. Jonge kealtsjes falle wolris ten proai oan earnen, de foks, de wylde kat en it wilde swyn. Benammen yn de earste wiken nei de berte binne de keallen gefoelich. Ek stjerre in soad bisten yn de winter troch ynfeksjes oan de luchtwegen of fiedselgebrek.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ree libbet tyn boskrike streken mei iepen plakken en oangrinzjende fjilden. Soms is hy ek te sjen yn hege heidefjilden. Yn de skimer weaget er him yn iepen terrein om te weidzjen. Op in waarme dei bliuwt hy hjir wolris. Mar meastal ferskûlet en rêstet hy yn de beskutting. Yn sommige gebieten yn Europa libbet hy lykwols ek yn iepen lânbougebieten, as dêr genôch beskûl (lykas houtwâlen) en fretten yn de buert is.
De ree is yn Europa de meast foarkommende hartesoarte, en syn oantallen binne groeiende. Hy komt foar yn hast hiel Europa, mei útsûndering fan Ierlân, dielen fan Ingelân, Wales, Portegal en Grikelân, Noard-Skandinaavje en Yslân. Ek komt hy foar yn Noard-Turkije en de Kaukasus. Hy hâldt him op oant by it seenivo (ûnder oare op de Waadeilannen) oant boppe de beamgrins.
De ree yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ree is de ienige hartesoarte dy't yn Fryslân yn it wyld foarkomt. De lêste jierren binne der ek groepkes daamharten by it Lauwersmargebiet en yn it Ketliker Skar te sjen, mar dat binne nei alle gedachten ûntsnapte eksimplaren. Neandertalers bejagen de harten al yn de prehistoarje. Yn Wynjewâld binne hjirfan spoaren fûn en by opgravings binne troch Fryslân ek geweien fûn. Guon dêrfan wienen bewurke ta ark bewurke. Op It Amelân en Skylge is de ree yntrodusearre. Op Skylge binne se troch minsken mei opsetsin útsetten. Op It Amelân kaam in reebok oer it Waadnei it eilân. Jagers hawwe der doe in pear reegeiten byhelle. Wyls binne der al mear as hûndert neikommelingen sinjalearre. De ree fielt him it bêste thús yn heal-iepen lânskippen, leafst op sângrûnen. Mar ek yn moerasgebieten as de Alde Feanen en de Lendefallei wurdt de ree hieltiten talriker. De lêste jierren ek mear en mear yn iepen gebieten, oant sels op de klaai. Omdat de tichtheid fan de populaasje yn it oarspronklike leefgebiet tige tanomd is sykje se nije leefgebieten. As der gefaar driget en der is gjin bosk yn de omjouwing dan drave se ein it iepen fjild yn en skûlje yn hege lânbougewaaksen, yn de ûnderwâl of yn rûge stikjes lân.
Yn Fryslân komme net folle reeën troch predaasje om it libben. Hûnen meie oer it generaal yn natoergebieten net los rinne. De "normale" wylde predators fan folwoeksen bisten binne yn Fryslân net oanwêzich. Omdat de ree frij om rint, is it ferkear ien fan de grutste deadsoarsaken foar de ree. Sûnt 1950 wurdt de ree middels de jachtwet beskerme. De ree stiet net op de Nederlânske Reade List foar sûchdieren en wurdt dus net bedrige. De populaasje fan reeën wurdt beheard troch jagers fan de wyldbehearienheid ter pleatse. Yn Nederlân waarden yn 1994 mear as 11.000 reeën sjitten. Ten opsichte fan de eardere desennia is dit in fermannichfâldiging, trochdat der hieltiten mear reeën komme.
De motiven dy't foar de systematyske jacht op de ree jûn wurde binne:
- skea oan de lânbou;
- skea troch ferkearsûngelokken;
- soms wurdt as argumint brûkt dat de ree fan in kultuerflieder in kultuerfolger wurdt en hieltiten tichter by wenwiken komt;
- de populaasje sûn hâlde en oerbefolking tsjingean troch swakkere en sike bisten te sjitten.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it oarspronklike boek fan Felix Salten is Bambi in ree.
-
In Moldavyske postsegel
-
Spoaren yn de snie
-
Europees reekeal, twa à trije wiken âld
-
Reebok
-
Opsette eksimplaren - Museo Regionale della Fauna Alpina
-
De hoeven fan in ree
-
Rêstende ree
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Capreolus capreolus fan Wikimedia Commons. |
- Sûchdieresoarte
- Ree
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn Mikroneezje (lân)