Evenhoevigen

Ut Wikipedy
Evenhoevigen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
Owen, 1848

De evenhoevigen (wittenskiplike namme: Artiodactyla) foarmje in skift fan de klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) dat karakterisearre wurdt troch it hawwen fan twa teannen (of oars sein: spjalten hoeven); de beide bûtenste teannen binne rudimintêr oanwêzich. De evenhoevigen binne benammentlik bekend as de meast súksesfolle plante-iters dy't der binne. Lang wiene de ûnevenhoevigen de meast súksesfolle groep hoefdieren, mar dy ferlearen dy posysje doe't yn it Mioseen de wâlden romte makken foar gerzige flakten.

In stikmannich soarten evenhoevigen binne domestisearre troch de minske en binne fan krúsjaal ekonomysk belang, lykas de ko, it skiep, de geit, de baarch, it kamiel, de lama en it rindier. Hja binne wol tige fetber foar sykten as tongblier, wat de ûnevenhoevigen (lykas it hynder en de ezel) wer net binne.

Foarhinne bestie it skift fan 'e evenhoevigen út trije ûnderskiften: de baarcheftigen, de kamieleftigen en de wjerkôgers. Fan 'e nylhoarsen is lang miend dat se it neist besibbe wiene oan 'e bargen en de pekarys, mar koartby hat nij ûndersyk útwiisd dat se eins it naust besibbe binne oan 'e walfiskeftigen. Dat hat fiergeande gefolgen hân foar de taksonomyske yndieling, mei't de walfiskeftigen no ûnder de evenhoevigen rekkene wurde moatte. It skift wurdt sadwaande no ek wol Cetartiodactyla of "walfiskeftigen en evenhoevigen" neamd.

Yn elts gefal kin no sein wurde dat de evenhoevigen oeral op 'e wrâld (mei útsûndering fan Antarktika) foarkomme. Kwa uterlik rinne se útinoar fan 'e lytse kantjyl, dy't noch gjin 3 kg weaget, oant de blauwe finfisk, dy't in gewicht fan 170 ton berikke kin.

Skiftopbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de ynpassing fan 'e walfiskeftigen yn dit skift is de yndieling op 't heden noch wat in rommeltsje; wêr't hjirûnder "takson" stiet, wol dat sizze dat dy taksonomyske groep noch net in nije rang tawiisd krigen hat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.