Springe nei ynhâld

Kamieleftigen

Ut Wikipedy
Kamieleftigen
In keppel dromedarissen (Camelus dromedarius).
In keppel dromedarissen (Camelus dromedarius).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
ûnderskift: ylpoatigen (Tylopoda)
boppefamylje: kamieldieren (Cameloidea)
famylje kamieleftigen (Camelidae)
Gray, 1821
Ferspriedingsgebiet
In keppel dromedarissen (Camelus dromedarius).
De hjoeddeistige fersprieding fan 'e kamieleftigen.

De kamieleftigen (wittenskiplike namme: Camelidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda) en de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea). Dizze taksonomyske groep omfiemet seis ûnderfamyljes, wêrfan't fiif útstoarn binne. De iennichste noch libbene subgroep wurdt foarme troch de echte kamieleftigen (Camelinae), dêr't de kamielen (Camelus) en de lama's (Lama) ta hearre. Yn totaal binne der noch sân libbene soarten, te witten it Arabyske kamiel of de dromedaris (Camelus dromedarius) út it Midden-Easten en Noard-Afrika, it Baktryske kamiel (Camelus bactrianus) en it wylde Baktryske kamiel (Camelus ferus) út Sintraal-Aazje, en de lama (Lama glama), de gûanako (Lama guanicoe), de alpaka (Lama pacos) en de fikûnja (Lama vicugna) út 'e Andes fan Súd-Amearika.

Kamieleftigen binne grutte, folslein herbivoare bisten mei in lange, ranke hals en lange poaten. Hoewol't se har fretten wjerkôgje, ferskille se op in stikmannich manearen fan 'e leden fan it taksonomyske wjerkôgers (Ruminantia) (lykas kij, skiep en geiten). Sa befettet it gebit fan kamieleftigen oanwizings foar it oarspronklike bestean fan twa sintrale snijtosken yn 'e boppekaak, en fierders hawwe se wiere hoektosken en slachtoskeftige foarkiezzen dy't fan 'e wiere kiezzen skaat binne troch in stikje iepen romte.

De poat fan in kamiel.

Ek is de oanhechting fan 'e spieren yn 'e poaten oars as by oare ûnevenhoevigen, mei as gefolch de karakteristike wize dy't kamieleftigen hawwe om lizzen te gean, wêrby't se earst mei de foarpoaten op 'e knibbels stypje ear't se de efterpoaten ûnder it lichem opteare. (Kij, skiep en geiten teare earst de efterpoaten ûnder it lichem en litte dan pas de foarpoaten sakje.) Fierdersoan beskikke kamieleftigen oer trije ûnderskate magen, wylst wjerkôgers fjouwer magen hawwe. Ek is by kamieleftigen de boppelippe midden ûnder de noas midstwa spjalten, in skaaimerk dat kateftigen ek hawwe,

Ien fan 'e meast typearjende skaaimerken fan kamieleftigen binne har poaten, dy't gjin hoeven hawwe, mar einigje yn in sêft 'kjessen' fan yl mei oan 'e foarkant twa teannen. De lama's, dy't yn it rotseftige Andesberchtme libje, kinne de teannen apart faninoar bewege om mear gryp op 'e ûndergrûn te krijen. Oan 'e oare kant hiene in protte fossile soarten kamieleftigen wierskynlik gewoane hoeven lykas de oare ûnevenhoevigen. Kamieleftigen binne telgongers, dy't by it rinnen de foar- en efterpoat oan ien side fan it lichem tagelyk fersette en dêrnei de foar- en efterpoat oan 'e oare side fan it lichem. Dat jout harren har karakteristike widzjende manier fan fuortbeweging, dy't derta laat hat dat men it kamiel wol 'it skip fan de woastyn' neamd. (Hast alle oare fjouwerpoatige bisten fersette de rjochterfoarpoat en de lofterefterpoat tagelyk en dan de lofterfoarpoat en de rjochterefterpoat.)

Kamieleftigen binne nuver yn har hjoeddeistige fersprieding, yn 'e sin dat dy frijwol it tsjinstelde is fan it gebiet fan har oarsprong. Kamieleftigen ûntjoegen har nammentlik hiel ier yn 'e evolúsje fan 'e ûnevenhoevigen, om 45 miljoen jier lyn yn it Midden-Eoseen, yn Noard-Amearika. Mank de earste kamieleftigen wie de Protylopus, dy't like grut wie as in knyn en noch fjouwer teannen oan eltse poat hie. Tsjin it Let Eoseen, sa'n 35 miljoen jier lyn, hiene har kamieleftigen ûntwikkele lykas Poebrotherium, dy't de beide teannen oan 'e bûtenkant fan 'e poat kwytrekke wiene en in stik grutter wurden wiene, likernôch sa grut as in geit.

De famylje diversifiëarre him almar fierder, mar bleau yn syn areaal beheind ta it Noardamerikaanske wrâlddiel oant trije of twa miljoen jier lyn, doe't ferskate fertsjintwurdigers fia de Beringlânbrêge oerstieken nei Aazje. Om dyselde tiid hinne ferspraten guon oare soarten har nei Súd-Amearika as ûnderdiel fan 'e Grutte Amerikaanske Utwikseling, nei de foarming fan 'e Lâningte fan Panama. Fierders libbe it poalkamiel, ek yn dy snuorje, yn it uterste noarden fan wat no Kanada is.

De kamieleftigen út dy tiid hiene in folle grutter ferskaat oan uterlike foarmen as har hjoeddeistige sibben. Sa hie ien Noardamerikaansk skaai, Titanotylopus, in skofthichte fan trochinoar 3½ m (tsjin 2 m foar moderne kamieleftigen), wylst der tagelyk ek skaaien wiene as Stenomylus, dy't sterk lieken op 'e moderne gazellen. Fierders wiene der ek in stikmannich tige lange, op sjiraffen lykjende kamieleftigen dy't har oanpast hiene oan it iten fan blêden fan hege beammen, lykas Aepycamelus en Oxydactylus. De oarspronklike kamieleftigen fan Noard-Amearika stoaren pas yn it frij resinte ferline út, likernôch 10.000 jier lyn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.