Doeke Vegelin van Claerbergen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jhr. Duco (Doeke) Martena Burmania Vegelin fan Claerbergen, (Huzum, 19 febrewaris 1859 - Utert, 28 desimber 1894), wie de soan fan Epo Burmania Vegelin van Claerbergen en Agathe Geertruida Wilhelmine van Burmania Rengers. By Keninklik Beslút fan 23 maaie 1860 krige Doeke, pakesizzzer fan Epo Sjuck Burmania Vegilin van Claerbergen, op fersyk fan syn heit, fergunning de namme Martena van Burmania Vegilin van Claerbergen oan te nimmen, nei de Martenastate yn Koarnjum dêr 't syn pake yn 1831 ferstoarn wie. Yn de jierren 1888-1889 liet Doeke it hûs Bornia op de Ferlinge Skrâns 87 yn Ljouwert sette troch de arsjitekt Hendrik Kramer. Dit ryksmonumint hat in soad Neo-Renêssânseornaminten. [1]

Doeke Martena van Burmania Vegelin van Claerbergen wie net troud, en liet Martenastate nei oan de tsjerkfâdij yn Koarnjum. De state waard yn 1899 ferfongen troch de hjoeddeiskke kastieleftige hûs. Yn it park lizze de famyljegrêven fan de eardere aadlike bewenners yn in lege hichte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: