Koarnjum

Koarnjum is in doarp yn de gemeente Ljouwert, súdeast fan Stiens. It doarp hat likernôch 430 ynwenners (2004). Tichtby Koarnjum leit de Koarnjumer Bosk. It doarp hat in soad te lijen fan fleantúchlawaai. Besúdwesten it doarp stiet oan de N357 de Wynmotor Koarnjum, in Amerikaanske wynmotor dy't ± 1925 boud waard. Foar 1 jannewaris 2018 lei Koarnjum yn de doetiidske gemeente Ljouwerteradiel.
Martenastate[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1504 wenne hjir Doecke Hessels fan Martena. Syn neiteam dat op Martenastate wenne hat him tsjin de Spaanske oerhearsking fersetten.
Boskkabouters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1950 foarme in groep Koarnjumers de feriening Boskkabouters. Se stelden har as doel om de Stinzeflora yn it park fan Martenastate te beskermjen en by te hâlden. By de state is no in natoerkemping.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Koarnjum en it tichtby lizzende Jelsum dogge in soad yn 'e mande. Se brûke beide it mienskipshûs De Bining. Oan 't Skipperspypke hjit de basisskoalle. It doarpskafee hjit De Tuolle.
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aldlansdyk, Bokkestege, Breedyk, David van Goirlestrjitte, De Wier, Giele Anemoanstrjitte, Helmblomstrjitte, Holwoartelstrjitte, Longkrûdstrjitte, Martenawei, Nijlânsdyk, Skeltedyk, Skreedyk, Swarte Singel, Tsjerkepaad, Wylde Tulpstrjitte.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1999 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 |
---|---|---|---|---|---|
466 | 492 | 496 | 490 | 484 | 489 |
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Fryske doarpen
- David van Goorle (1591-1612). Natuerkundige en teolooch, begroeven yn de Herfoarme tsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
![]() | |
---|---|
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaard • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |