Springe nei ynhâld

Minne Dijkstra

Ut Wikipedy
Minne Dijkstra
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 11 febrewaris 1937
berteplak Koarnjum
etnisiteit Frysk
lid Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal
amtsperioade 1967 - 1972
offisjele webside
Profyl parlement.com

Minne Dijkstra (Koarnjum, 11 febrewaris 1937) is in Nederlânsk âld-politikus dy 't tusken 1967 en 1972 lid wie fan de Twadde Keamer foar D'66.

Dijkstra is in Fryske boeresoan dy't sosjale psychology oan de Universiteit fan Amsterdam studearre. Hy kaam nei syn stúdzje werom nei Fryslân en wie fan 1964 oant 1967 direkteur fan de Stichting ter Bevordering van het Buurthuiswerk in het Noorden (SBBN).
Dijkstra stie oan de widze fan D'66, benammen yn Fryslân. Hy kaam yn de earste fraksje fan D'66 yn de Twadde Keamer as wurdfierder ûnderwiis, ferkear en lânbou. Hy tsjinne as jong Keamerlid tegearre mei Anneke Goudsmit in inisjatyfwetsfoarstel yn oer it rydûnderwiis. Hy ferdigene yn 1972 út namme fan in minderheid fan syn fraksje it stânpunt dat ta frijlitting fan de Trije fan Breda oergien wurde moast.
Nei syn Keamerlidmaatskip beklaaide er bestjoersfunksjes by de NOS en de Wrâldomrop. Yn 2010 waard er foarsitter fan de Vereniging Vrienden van de Amsterdamse Binnenstad.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: