David van Goorle

Ut Wikipedy
Gorlaeus Laboratoriums, Universiteit fan Leien

David van Goorle ek bekend ûnder syn latinisearre namme David Gorlaeus, (Utert, 15 jannewaris 1591 - Koarnjum, 21 april 1612) wie in 17e-iuwsk Nederlânsk wittenskipper; hy wie ien fan de earste atomisten fan it betiid moderne tiidrek.

Van Goorle waard berne as de soan fan in protestantsk flechtling út Antwerpen, dy't doe skathâlder fan de Greve fan Meurs wie. Syn mem wie fan Fryske adel, de dochter fan Doecke fan Martena, in frijheidsfjochter en admiraal. Hoewol't Van Goorle himsels Ultrajectinus, fan Utert neamde, waard er grut by syn pake en beppe fan memme kant op harren stins yn Koarnjum. Yn 1606 waard er ynskreaun as studint yn de keunsten by de Universiteit fan Frjentsjer. Fan april 1611 ôf, studearre Van Goorle teology oan de Universiteit fan Leien, en foarme er syn atoomteoryen yn syn Ideae Physicae. Dêryn set er fraachtekens by de teoryen fan Aristoteles en jout er syn tinzen oer 'in tige lyts, ûndielber, partsje'.

Yn de betide 17e iuw wiene dat revolúsjonêre tinzen, dat neitiid waard Van Goorle beskôge as ien fan de grûnlizzers fan de teory oer it atoomdielsje, mei ûnder oaren Daniel Sennert en Pierre Gassendi. Hy stoar doe't er noch mar 21 jier wie. Op syn grêf yn de tsjerke fan Koarnjum wurdt er betocht as in 'gelearde en tige yntelliginte jongkeardel'. It gruttere wurk, Exercitationes philosophicae , waard postúm útjûn yn 1620. Der is wol tocht dat foaral dat wurk Henricus Regius en René Descartes beynfloede hat.

De Universiteit fan Leien hat de Gorlaeus Laboratoriums nei Van Goorle neamd; dêr wurdt sawol les yn skiekunde jûn as gemysk ûndersyk dien.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • (en) Christoph Lüthy: David Gorlaeus (1591-1612). An enigmatic figure in the history of philosophy and science. Amsterdam, Amsterdam University Press, 2012. ISBN 9789089644381

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: