DTD (fuotbalklub)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fuotbalferiening DTD)
Sportkompleks DTD yn 2016

DTD (folút Voetbalvereniging De Trije Doarpen) is in op 20 juny 1939 oprjochte amateurfuotbalferiening foar de doarpen Britsum, Koarnjum en Jelsum. De klupkleuren binne giel en grien. De thúswedstriden wurde op it eigen fjild oan de Martenawei yn Koarnjum spile.

It standertalvetal komt út yn de Twadde klasse snein fan it KNVB-distrikt Noard (seizoen 2018/19).