Springe nei ynhâld

Keninklik Nederlânsk Fuotbalbûn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan KNVB)
Keninklik Nederlânsk Fuotbalbûn
Koninklijke Nederlandse Voetbalbond
algemiene ynformaasje
ôfkoarting KNVB
sport Fuotbal
regio Jeropa
haadkantoor Seist
foarsitter Just Spee
sekretaris-generaal Gijs de Jong
oprjochte 1889
wrâldbûn FIFA
kontinintale bûn UEFA
olympysk komitee NOC-NSF
offisjele webside
knvb.nl
Temaside  Sport

It Keninklik Nederlânsk Fuotbalbûn (Nederlânsk: Koninklijke Nederlandse Voetbalbond, ôfkoarte ta KNVB) is de organisaasje dy’t yn Nederlân de fuotbalkompetysjes en -eveneminten organisearret. Ek fersoarget it bûn de wedstriden fan it Nederlânske alvetal. Fierder ûntwikkelet en organisearret it de bedriuwstak fuotbal. It KNFB partisipearret ek yn maatskiplike projekten. De KNFB waard yn 1904 lid fan de FIFA en yn 1954 fan de UEFA

It Nederlandschen Voetbal- en Athletischen Bond, sa't de oarspronklike namme wie, is yn 1898 oprjochte. It bûn hie har sels as doel steld om it fuotbalspul en de atletyske sporten yn Nederlân te befoarderjen en better bekend te meitsjen. Inisjatyfnimmer wie Pim Mulier, de stifter fan de Haarlimske Fuotbalklub en ynspirator foar de earste offisjele Alvestêdetocht.

By de oprjochting wienen tsien fuotbalklubs belutsen:

  • Rotterdamsche Cricket- en Football-Club "Concordia"
  • Delftsche F.C.,
  • Haarlemsche F.C.
  • Haarlemsche F.C. "Excelsior"
  • Haagsche Voetbal-Vereniging,
  • Rotterdamsche Cricket- en Football-Club "Olympia"
  • Fuotbalferiening Rotterdam
  • Amsterdamsche Sportclub
  • Amsterdamsche F.C. "R.A.P."
  • Fuotbal-Feriening "Amsterdam"

Al by de oprjochting fan it bûn ûntstie diskusje oer it yn it bûn opnimmen fan de atletyk. Dit hie de foarkar fan Pim Mulier, dy’t sels in protte oan atletyk-sporten die. Yn 1895 waard by in algemiene gearkomst besluten, dat de atletyk net langer ûnderdiel fan it bûn útmeitsje soe. De namme fan it bûn waard wizige yn Nederlandse Voetbalbond (NVB). It bûn krige it predikaat Keninklik mei it 40-jierrich bestean yn 1929, wêrnei't de namme feroare waard yn Keninklike Nederlânske Fuotbalbûn.

Yn it betelle fuotbal organisearret it KNFB in ferskaat oan kompetysjes en toernoaien. Dit binne de:

Nederlânske alvetal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De spilersbus fan it Nederlânsk alvetal.

It KNFB fersoarget ek alle wedstriden fan it Nederlânske alvetal. Ek de nasjonale jeugd- en amateurploegen falle hjirûnder. De bûnstrener is yn tsjinst fan it KNFB. De spilers foar de nasjonale alvetallen wurde troch it KNFB útnûge.

It haadkantoar fan it KNFB stiet yn Zeist. Tusken 1993 en 2008 hat Jeu Sprengers, oant syn dea yn april fan dat jier, de foarsitter fan de bûn west. Op 27 augustus 2008 waard Michael van Praag keazen as nije foarsitter fan de bûn. Oare bekende nammen fan de KNVB binne bygelyks Henk Kesler, dy’t direkteur betelle fuotbal is en Harry Been, de sekretaris-generaal.

Neist de neamde profesjonele kompetysjes organisearret it KNFB (fan it kantoar fan West I Amsterdam út) de haadklassen en de lanlike kompetysjes fan it frouljusfuotbal en it sealfuotbal. De kompetysjes dy’t hjirûnder op in leger nivo plakfine wurde troch de regionale bûnen organisearre, lykas de distriktsbeker.

It KNFB is yn de ûndersteande plakken fêstige mei foar eltse krite in haadkantoar:

Namme Amtsperioade Opm.
Pim Mulier 1889-1892
Pieter Droogleever Fortuyn 1892-1893
W. Prange 1893-1894
F.H. van Leeuwen 1894-1897
Pim Mulier 1897 2de perioade,
mooglik as ynterim foarsitter
Jasper Warner 1897-1919
Jan Willem Kips 1919-1930
Dirk van Prooije 1930-1942 Ferstoar yn 1942
Karel Lotsy 1942-1953
Hans Hopster 1953-1957
Toon Schröder 1957-1966
Wim Meuleman 1966-1980
Jo van Marle 1981-1993
Jeu Sprengers 1993-2008
Michael van Praag 2008-2019
Just Spee 2019-hjoed de dei

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De offisjele webstee fan it KNFB.