It Tichelwurk

Ut Wikipedy
Tichelwurk súdkant
Tichelwurk
Tichelwurk noardkant

It Tichelwurk is in buorskip op de himrik fan Stiens, tusken Bartlehiem en Wyns oan de Dokkumer Ie yn it Stienzer Aldlân.

Fabryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Tichelwurk is ûntstien om it tichelwurk, ien de fjouwer eardere stienfabriken oan de Ie. De klaai om de Ie hinne wie tige gaadlik foar it bakken fan de reade Fryske stien. It stienfabryk is oprjochte troch Jentsje Wibrandi Csn. It fabryk stie ek bekend as It Wynzer Tichelwurk. Yn 1843 wienen dêr 19 folwoeksenen en 11 bern oan it wurk. De produksje wie mear as 2 miljoen stiennen it jier. Ein 19e iuw waard it fabryk ferkocht oan de firma Vermeulen yn Ljouwert, dy’t mear Fryske stienfabriken hie. Om 1920 hinne rûn de ferkeap fan de reade Fryske stiennen efterút. Vermeulen naam doe it beslút om it fabryk yn It Tichelwurk te sluten. Yn 1922 is it fabryk sloopt.

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1874 krige It Tichelwurk in eigen skoalle mei sa’n 40 learlingen. Nei it sluten fan it fabryk rûn it tal learlingen stadichoan efterút. Yn 1943 naam master J.E. Wetering ôfskie fan It Tichelwurk om’t skoalle ticht gie. De nije skoalle út 1932 stiet der noch as wenhûs.

It Tichelwurk doetiids[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
wizigje