Bears (Fryslân)
Bears | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 135 (2022) [1] | |
Oerflak | 2,46 km² lân: 2,41 km² wetter 0,06 km² | |
Befolkingsticht. | 56 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 09' N 5° 44' E | |
Kaart | ||
Bears is in doarp yn it westlike part fan 'e gemeente Ljouwert, deunby it spoar fan Ljouwert nei Starum.
Bears wurdt faak yn ien sike mei it twillingdoarp Jellum neamd. Hast alle pleatslike ferienings beslane beide doarpen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp ûntstie op in in terp en wie allinne oer de Jorwerter Feart te berikken. Letter waarden der twa diken oanlein, dy't op de Hegedyk oanslute.
Oare nammen fan Bears wiene 'Berete' (1275), 'Berse' (1329), 'Biercse' (1335), 'Beerse' (1386), 'Berse' (1429) en yn 1469 as 'Beers'. De namme ferwiist mooglik nei in ôffrede wenplak.
Fan 16 juny 1883 oant en mei 15 maaie 1938 hie it doarp in stasjon oan it spoar tusken Ljouwert en Snits. It stasjon waard yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch foar in skoft wer iepene en op 1 juny 1940 wer yn gebrûk nommen. Op 24 novimber fan datselde jier waard it stasjon definityf sletten.
Bears hearde oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 by Baarderadiel, dêrnei oant 2018 by Littenseradiel en sûnt 2018 by de gemeente Ljouwert.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tsjerke
- De Wikipedy hat ek in side Marijetsjerke (Bears).
De tsjerke fan Bears datearret út de 13e iuw en wie yn de katolike tiid wijd oan Marije. It goatyske gebou is tsjintwurdich yn it besit fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Yn de Marijetsjerke is in permaninte eksposysje.
- Uniastate
- De Wikipedy hat ek in side Uniastate (Bears).
Fan de eardere Uniastate is allinne de 17e iuwske stinzepoarte stean bleaun. De state waard al yn 1756 troch Hobbe fan Aylva ôfbrutsen om der in pleats mei oansjen del te setten. De pleats waard nei alle gedachten boud mei de frijkommen stiennen fan de eardere state. Op 28 juny 1879 waard ek de pleats foar de sloop ferkocht. Sûnt bleau allinne de poarte oer, dy't yn 1968 restaurearre waard.
Op 17 maart 1964 waarde de stifting Poarte fan Bears oprjochte. De stifting sammelt alles oer stinzen en states yn Fryslân. Fan de eardere state is yn 1998 in stielen 'loftspegeling' makke. De belvédère-eftige útsjochtoer kin beklommen wurde. By Uniastate is ek in bernebuorkerij.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 12 desimber 1961 waard in nij doarpshûs iepene. It sintrum foar de jongerein hjit "It Jongereinhûs" en is ûnderbrocht yn in âld hearehûs.
Sûnt 1964 wurdt yn Jellum-Bears healwei augustus in wike nei de Freulepartij yn Wommels alle jierren de Revâns-Freule holden.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- PKN Westerwert
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 177 | 168 | 168 | 162 | 140 | 130 | 135 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sibillus Catharinus Kylstra (1869-1950), dûmny en kristen-anargist
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bearsterdyk, Hegedyk, Op'e Terp, Stinzepaad, Swettepaad, Tsjerkepaad.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |