Warstiens
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Ljouwert | ||||
Ynwennertal (2012) | 41 | ||||
Webstee | [] |
Warstiens is in doarp yn de gemeente Ljouwert. It doarp hat 41 ynwenners (2012). Warstiens leit flakby de doarpen Wergea en Warten, ûngefear fiif kilometer besuden de stêd Ljouwert. It Langdeel dielt it doarp yn twa helten. Dat wurdt ek symbolisearre yn de wite baan fan it doarpswapen. Oan de eastkant lizze in tal pleatsen, oan de westkant leit de terp.
De namme komt ek foar as Verstiens, Warstens en Warsteens.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Warstiens diel út fan de gemeente Idaarderadiel. Yn 1984 waard Warstiens yndield by de gemeente Boarnsterhim, dy't yn 2014 opheven waard.
De buorren falle sûnt 2007 ûnder de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân.
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Warstiens).
De herfoarme tsjerke fan Warstiens is boud yn 1882. It ûntwerp fan it eklektyske bouwurk is makke troch de Ljouwerter arsjitekt H.H. Kramer. It gebou ferfong de midsiuwske tsjerke mei sealtektoer; dêrby is de tradisjonele east-west oriïntaasje hielendal omkeard. Meastentiids stiet de tsjerketoer oan de westkant fan in tsjerke, mar hjir oan de eastkant. De midsiuwske liedklok (Cecilliaklok) út 1252 is yn it Nasjonaal Beiaardmuseum yn Asten bedarre.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Buorren, Oeble Om Wei.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() | |
---|---|
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |