Herfoarme tsjerke (Warstiens)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Warstiens
adres Buorren 6
koördinaten 53° 09' N 5° 51' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt Hindrik Kramer
boujier 1882-1883
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 514850 (tsjerke)
460744 (oargel)
514851 (baarhûske)
Webside
Side herfoarme gemeente Wartengahe
Kaart
Herfoarme tsjerke (Fryslân)
Herfoarme tsjerke

De Tsjerke fan Warstiens is de tsjerke fan 'e herfoarme gemeente Wartengahe, dêr't de doarpen Warstiens, Warten en Wergea ûnder falle. It tsjerkegebou, it oargel en it baarhûske mei it hekwurk binne ryksmonuminten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De op in terp steande tsjerke waard yn 1882 boud op it plak fan in âldere, noch yn 1844 renovearre, tsjerke mei in sealtektoer. It eklektyske ûntwerp is ôfkomstich fan de Ljouwerter arsjitekt Hindrik Kramer. De earste stien fan 'e tsjerke, dy't in westlike oriïntaasje hat, waard lein troch tsjerkfâld S. de Boer.

Oargel

By de ôfbraak fan de midsiuwske tsjerke waard de klok út 1252 oan it Ryksmuseum fan Amsterdam ferkocht, dy't tsjintwurdich yn it Nasjonaal Beiaardmuseum yn Asten bewarre wurdt.[1] Yn 'e toer hingje twa klokken. De âldste klok út 1607 (getten troch G. Grigori) moast fanwegen in skuor út de toer helle wurde en stiet noardlik fan de tsjerke op in konsole by it baarhûske. De klok waard ferfongen troch in nije klok fan de firma Petit & Fritse út Aarle-Rixtel. It is yn Warstiens wenst om de klokken njonken de tradisjonele oangelegenheden ek by bertes fan bern te lieden. It 19e iuwske oerwurk is mechanysk.

It eksterieur fan de tsjerke en toer waard foar it lêst yn 2003 restaurearre.[2]

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat in orizjineel ynterieur út de tiid fan de bou. De preekstoel stiet yn it westlike koer achter in doophek; ek de banken en hearebanken binne 19e-iuwsk.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tagelyk mei de bou fan in nije tsjerke krige it oargelbedriuw Bakker & Timmenga út Ljouwert de opdracht in nij oargel te bouwen foar de tsjerke. Sûnt de foltôging yn 1884 is der nea wat oan it ienmanualige ynstrumint feroare en likemin hiene der oant 2003 restauraasjes oan it oargel plakfûn. Mei de restauraasje fan de tsjerke restaurearre itselde oargelbedriuw it ynstrumint foar de earste kear. Dêrby krige it oargel in elektryske wynfoarsjenning. Ek waarden it iken oargelfront en de kreake op 'e nij farve yn de oarspronklike palissander-imitaasje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: