Jellum

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Jellum
Flagge fan Jellum Wapen fan Jellum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Jellum
Gemeente Ljouwert
Ynwennertal (2019) 145
Webstee
Jellum

Jellum (Nederlânsk: Jellum) is in Frysk doarp yn it westlike part fan de gemeente Ljouwert. It is in lintdoarp bylâns de seedyk fan de eardere Middelsee, deunby it hjoeddeistige spoar fan Ljouwert nei Starum. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Littenseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Baarderadiel. Jellum wurdt faak op ien sike neamd mei it buordoarp Bears, dêr't it in twillingdoarp mei foarmet. Frijwol alle pleatslike ferienings beslane beide doarpen. Op 1 jannewaris 2017 hie Jellum 142 ynwenners.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjerke fan Jellum út 1700, waard yn 1832 en 1893 troffen troch bliksem. Yn 1983 baarnde it tsjerke hielendal ôf, wêrnei in nije boud waard.

Febrewaris 2020 waard de grêfsark mei grêfkelder fan Sicke fan Dekema († 1625), in bewenner fan Mammemastate, fannijs ûntdutsen ûnder de houten flier fan de tsjerke. Earder wie net dúdlik wêr't hy beïerdige wie[1].

Stasjon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1883 oant 1938 hie Jellum, tegearre mei it buordoarp Boksum, in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum, Jellum-Boksum neamd, dat bekendheid krige troch de kanon It Muzyk Giet troch de Buorren ("Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!").

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feriening foar doarpsbelang organisearre yn 2006 in skuorreferkeap. De feiening komt faak by inoar yn doarpshûs/kafee Jonker Sikke.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hegedyk, Hilaarderdyk, Lytse Dyk, Nijlânsreed, Smidshoeke.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zerk van Sicke is gevonden, Frysk Deiblêd, 3 febrewaris 2020