Genovevatsjerke (Jelsum)
Genovevatsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Jelsum | |
koördinaten | 53° 14' N 5° 46' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Genoveva fan Parys | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
Webside | ||
PKN Britsum-Koarnjum-Jelsum | ||
Kaart | ||
De Genovevatsjerke is in tsjerkegebou yn Jelsum.
Skiednis en beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ienskippige tsjerke fan Jelsum waard yn de 12e iuw as romaanske tsjerke boud. Grutte dielen fan de noardlike muorre binne noch fan dowestien en stamme út dy tiid. Romaanske dekoraasjes as lisenen en friezen binne dêr bewarre bleaun en te sjen is wêr't de no tichtmitsele romaanske ramen sitten ha. It 15e iuwske koer is fan bakstien en hat gotyske finsters. Yn de súdlike mei bakstien beklaaide muorre binne letter ek gotyske finsters ynbrocht, mar ek dêr binne noch restanten fan romaanske muorredekoraasjes te sjen.
Sûnt 30 maart 2017 is de eardere herfoarme tsjerke tagelyk mei dy fan Koarnjum oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke krige de namme fan de hillige Genoveva werom, dêr't de tsjerke foar de reformaasje oan wijd wie. De tsjerke wurdt troch de protestanske gemeente noch wol brûkt foar de earetsjinst.[1]
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tonferwulft datearret noch út de katolike tiid en de rozetten binne fersierd mei symboalen fan it lijen fan Kristus. De iken preekstoel stamt út it begjin fan de 18e iuw en is makke troch Jan Aukes. Oer it middenpaad en foar de preekstoel lizze âlde sarken. De dûmny en strider tsjin it byleauwen Balthasar Bekker fûn hjir syn lêste rêstplak. Yn de tsjerke steane in pear tige âlde tsjerkebanken mei let-goatysk snijwurk út de 16e iuw. Yn 1660 krige de tsjerke nije banken, dêr't ek noch in pear fan bewarre binne. De oare banken binne 19e iuwsk. De reade sânstien yn it foarportaal wie fan it grêf fan S. Saeck Donia, de priores fan it nonnekleaster Bethlehem by Bartlehiem.
Yn de toer hingje twa klokken. De âldste stamt út de 13e iuw. De gruttere klok waard yn 1671 troch Petrus Overney getten. It smei-izeren oerwurk is 17e iuwsk.[2]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel yn de Jelsumer tsjerke stamt út 1834-1835 en waard boud troch de bruorren van Dam. By de bou is gebrûk makke fan materiaal fan in oargel dat hûndertfyftich jier âlder is. Ek de oargelkas is âlder as it Van Dam-ynstrumint. Yn 2011 restaurearre Bakker & Timmenga it oargel.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|