Balthasar Bekker

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tekening út 1691 troch Johannes Hilarides
Monumint Balthasar Bekker yn Mitselwier
Titelside fan de De betoverde weereld

Balthasar Bekker (Mitselwier, 20 maart 1634Amsterdam, 11 juny 1698) wie in Nederlânsk predikant en teolooch, in bestrider fan byleauwe en ien fan de foarriners fan de Ferljochting.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Balthasar Bekker wie in soan fan predikant Henricus Bekker (fan 1633-1646 dûmny yn Mitselwier-Nijewier) út Bielefeld. Hy studearre yn Grins by de ferneamde heechlearaar Easterske talen Jacob Alting en yn Frjentsjer. Nei twa jier koe hy ta syn freugde de funksje as rektor fan de Latynske skoalle opjaan, doe't er beroppen waard nei Easterlittens (1657). Nij wie dêr dat er op snein preke. Hy promovearre yn 1665 yn de teology en skreau ferskate kategesaasjeboekjes. Yn 1666 waard hy beroppen nei Frjentsjer.

Bekker wie in oanhinger fan René Descartes en begûn oan alles te twifeljen. Hy leaude net yn sielsferhuzing en wie it net iens mei Tomas fan Akwino, dy't it leauwen yn oare geasten, ôfsjoen fan de Skrift, ek reedlik fûn. Ek Aristoteles hie net syn foarkar as wiisgear. Der ûntstie yn 1670 in ferheftige strideraasje nei oanlieding fan syn De Vaste Spijse der Volmaakten, dat ... sels 'lands regering het nodig achtte zich ermee te bemoeien. Yn 1672 waard hy troch de synoade fan Sosinianisme frijsprutsen.

Yn 1674 ferfarde er nei Loenen, twa jier letter nei Weesp. Bekker wie dêrnei legerpredikant en krige fan 1 jannewaris 1680 in oanstelling yn Amsterdam. Bekker wenne op de Prinsengracht, foar de Noardertsjerke oer. Yn 1683 reizge hy twa moanne troch Ingelân en Frankryk en besocht Cambridge, Oxford, Parys en Leuven. Bekker hie grutte belangstelling foar festingbou en wiskunde en hie each foar sosjale ferhâldings. It selskip reizge nei Versailles, doe't it paleis noch yn oanbou wie en seach Loadewyk XIV earst op jacht en letter oan tafel gean.

Yn it boek Ondersoek van de betekening der Cometen, bij van degene, die in de jaren 1680, 1681 en 1682 geschenen hebben, ferkundige er, neidat der mear as twa moanne yn hast hiel Jeropa in komeet te sjen west hie, de miening dat kometen gjin rampen oankundigen. Hy waard fûl bestriden en troch kollega's oanfallen. Yn 1688 skreau hy syn in soad priizge Verklaring over de voorzeggingen van Daniël wêryn hy de dream fan Nebudadnezar as ûnderwerp behandele. Yn 1689 eksaminearre hy yn opdracht fan de Sosiëteit fan Suriname in twatal dûmny's foardat se útstjoerd waarden.

Yn 1691 skreau Bekker in bestseller: De betoverde weereld (De betsjoende wrâld). Hjiryn fersette hy him krêftich tsjin de bul, útfeardige troch Paus Innosentsius VIII en it bestean fan tsjoensters, spûken en duvels. Hy luts tsjin it idee fan besetenheid troch de duvel fan lear - ôfkomstich fan Plato en Hippokrates - in destiids revolúsjonêre gedachte. Ek it bestean fan de duvel sels luts hy yn twifel. Tsjoenderij wie foar Bekker in ûnútputlike boarne fan humor en spot. Nei de ferskining fan it boek stie de Republyk te skodzjen op har grûnfêsten. Yn twa moannen tiid waarden 4.000 eksimplaren ferkocht. Der ferskynden twahûndert boeken en pamfletten, wêrfan trije yn it Latyn. Yn 1693 ferskynde in Dútske, yn 1694 in Frânske en yn 1695 in Ingelske oersetting.

Syn opfettings brochten him yn konflikt mei tsjerklike autoriteiten. It waard him ûnmooglik makke te preekjen. Bekker waard yn 1692 útsluten fan it Jûnsmiel en ôfsetten as predikant. Hy hold syn traktemint, wierskynlik krige hy beskerming fan de boargemasters Nicolaes Witsen en Johannes Hudde. Erich Walten, in út Hamm ôfkomstige studint en masterlik pamfletskriuwer, ferdigene him, mar ek Romeyn de Hooghe. Walten waard opsluten yn de Finzenpoarte yn Den Haach en plege mooglik selsmoard. Bekker wenne in oantal jierren by syn soan op de Hinnemastate, wat ten easten fan Jelsum. Balthasar Bekker besocht noch in pear kear om talitten te wurden ta it jûnsmiel, yn Jelsum en yn Weesp.

Balthasar stoar yn Amsterdam, mar leit begroeven yn it famyljegrêf fan syn twadde frou Froukje yn Jelsum. Mei har bruorren Bernardus en Franciscus Fullenius, resp. heechlearaar wiskunde, lânmjitkunde en festingbou oan de Universiteit fan Frjentsjer en boargemaster fan Frjentsjer dielde Bekker in soad ynteresses. Johannes Hendricus, syn soan, skreau in boekje oer it stjerbêd fan syn heit, dy't oan de pleuris stoar. Nei oanlieding fan syn dea ferskynde in bitend grêfskrift, út it Frânsk oersetten: Om de duivel te vergeten, Balthasar, zo moet je weten, dat ik, in plat Hollands, zeg: Bekker, houd je bakhuis weg. (Om de duvel te jitten, Balthasar, sa moasto witte, dat ik, yn plat Hollânsk, sis: Bekker, hâld dyn bakhûs wei.)

De betoverde weereld hat mear as in iuw de geasten dwaande hâlden. It wurk joech de oanset ta de ôfskaffing fan de hekseferfolgingen. Net minder hat Bekker deroan bydroegen dat men de bewenners fan de dolhuzen net as besetenen, mar as siken beskôge. Yn 2002 is der fan him in stânbyld setten yn de buorren fan Mitselwier.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Beskriuwing fan de reis troch de Feriene Nederlannen, Ingelân en Frankryk yn it jier 1683. Bekker, Balthasar / Fryske Akademy / 1998
  • Brief aan sijn excellentie, de heer graaf van Portland, &c. &c. Rakende de persoon en het gevoelen van dr. B. Bekker, en 't geen tegen hem, by eenige van sijn partyen, word verwagt, en uytgestrooyd, ten opsigte van sijn koninglijke majesteyt van Groot Britanjen. Waar in ook, neffens de absoluyte onmogelijkheyd, van dat de geesten, sonder eerst door den Schepper met lichamen te zyn gepaard, souden kunnen werken op malkanderen, of ook op lichamen, te gelijk word bewesen, hoe dat Adam en Eva, op en in gevolge van de begeerte ... hebben kunnen vallen en sondigen ... Walten, Ericus / Gedrukt voor den auteur. En te bekomen, in 's Gravenhage, by Meyndert Uytwerf ... / 1692
  • Evenhuis, R.B. (1971) Ook dat was Amsterdam, deel III. De tsjerke fan de herfoarming yn de twadde helt fan de 17e iuw: neibloei en ynsinking, side 258-305.
  • Jonathan I. Israel (1995) The Dutch Republic. Its Rise, Greatness, and Fall, 1477-1806, side 895, 925-30
  • Sluis, Jacob van (1994) Bekkeriana: Balthasar Bekker biografisch en bibliografisch - mei wiidweidige biografy oer Bekker oant 1994.
  • Waardt, Hans de (1991) Toverij en samenleving: Holland 1500-1800.
  • Balthasar Bekker (1634-1698), Temanûmer fan it Beaken, Tydskrift fan de Fryske Akademy, 1996, s. 96-160.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferhaal oer byleauwe yn de 17e iuw, troch Bekker oanhelle yn syn wurk: