Keimpe fan Martena

Ut Wikipedy
Skilderij fan Keimpe fan Martena, Frysk Museum yn Ljouwert

Keimpe Doeckes fan Martena (Koarnjum, ± 1487 - Koarnjum?, 8 novimber 1538?) wie histoarikus en jurist. Troch him is de skiednis fan Fryslân beskreaun dat it tiidrek tusken 1498-1530 beslacht, it tiidrek dat bekend stiet as de Saksetiid. Hy is in neef fan Hessel fan Martena.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keimpe fan Martena waard berne yn in ferneamd Frysk laach út Koarnjum. Syn heit wie Doeke Sytses Martena, de âldere broer fan Hessel fan Martena, en syn mem wie Sjouck Keimpes fan Unia. Keimpe hat twaris troud west, earst mei Peye Lieuwesdr út Grinslân en letter mei Magdalena Schenk van Tautenburg (ferstoarn yn 1537). Hy studearre letteren yn 1508 te Orléans en faaks ek rjochten yn (Leuven, Bologna). Karel V, waans partij er keas, beneamde him yn 1515 as riedshear yn it Hof fan Fryslân en sloech him ta ridder.

Op it hjit fan de Steaten fan Fryslân op 27 febrewaris 1528 skreau Martena it Annael of Lânboek dêr't alle wichtige foarfallen út de tiid troch him yn beskreaun binne. Hy die der trije jier oer. Martena ferstoar nei alle gedachten yn 1538 en waard beïerdige yn de Galileërtsjerke te Ljouwert.

Yn Koarnjum bewenne Keimpe de Martenastate dat sjoen wurde kin as it stamguod fan de aadlike famylje Martena.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vries, O., B.S. Hempenius-van Dijk, en P. Nieuwland, P. Baks. De Heeren van den Raede. Biografieën en Gropesportret van de Raadsheren van het Hof van Friesland, 1499-1811. Hilversum/Leeuwarden: Ryksargyf, 1999.