Springe nei ynhâld

Annael of Lânboek

Ut Wikipedy

It Annael of Lânboek beskriuwt de skiednis fan 1498-1530 fan Fryslân.

Opdracht ta it skriuwen hjirfan joegen op 27 febrewaris 1528 de Steaten fan Fryslân oan Keimpe fan Martena, dy't hjir trije jier oan wurke. It Annael siet yn in kiste mei trije slotten, dy't wer yn in oare kiste stie mei wer trije slotten. It waard bewarre yn Frjentsjer en is letter yn it Sjarterboek (II, 1-208) ôfdrukt. Der wurde û.o ordonnânsjes, ynstruksjes, belestingsteaten yn beskreaun.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Annael ofte Landboek.