Springe nei ynhâld

Orléans

Ut Wikipedy
Orléans
Rue Jeanne d'Arc mei sicht op de Cathédrale Sainte-Croix.
Rue Jeanne d'Arc mei sicht op de Cathédrale Sainte-Croix.
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
regioSintrum-Loiredelling
departemintLoiret
Sifers
Ynwennertal116.357 (2023)[1]
Oerflak27.48 km²
Befolkingsticht.4,234 ynw./km²
Hichte90-124 m
Oar
TiidsôneUTC +1
Koördinaten47° 54 N 1° 54' E
Offisjele webside
www.orleans.fr
Kaart
Orléans (Frankryk)
Orléans
Kaart
Rue Jeanne d'Arc mei sicht op de Cathédrale Sainte-Croix.

Orléans (Latynsk: Aurelianum/Aurelia) is in stêd yn Frankryk, likernôch 130 km riden fan 'e haadstêd Parys. De stêd is de prefektuer fan it departemint Loiret en fan 'e regio Sintrum-Loiredelling yn 'e eartiidske provinsje Orléanais. Orléans hat in universiteit en it is de sit fan it bisdom Orléans. It histoaryske sintrum fan 'e stêd mei de goatyske katedraal leit oan 'e noardlike kant fan 'e Loire, de oan 'e súdlike kant fan 'e Loire lizzende stedsdielen binne fan lettere datum.

Jeanne d'Arc foar de muorren fan Orléans
Jules-Eugène Lenepveu

Ien fan 'e grutte histoaryske barrens fan 'e stêd wie de befrijing fan Frankryk yn 1429 fan 'e Ingelsen troch Jeanne d'Arc. Op 'e dagen 29 april en 7 en 8 maaie wurdt de befrijing fan 'e stêd noch jimmeroan betocht. Oan dy befrijing hie Jeanne d'Arc har bynamme "Jongfaam fan Orléans" te tankjen.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke yn 1940 it westlike diel fan 'e histoaryske binnenstêd troch Dútske bombardeminten slim skeind. Nei in trije dagen duorjende brân lei 13 hektare yn pún. Letter feroarsaken alliearde loftoanfallen foar noch mear skea.

Yn 'e tiid doe't de Loire noch befarber wie, wie Orléans in wichtich hannelssintrum. Tsjintwurdich is Orléans in yndustrystêd en foarmje de bestjoerlike funksjes fan e stêd en de tsjinstferliening wichtige wurkjouwers. Ek it toerisme spilet in grutte rol yn 'e ekonomy fan 'e stêd.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Benammen yn 'e 20e iuw makke de stêd in grutte groei mei tanksij weryndielings en migraasje út de troch mechanisaasje troffen lannelike omkriten.

Jier180018511901195419992017
Ynwenners41.93747.39367.31176.439113.126116.685

Panoramasicht op it histoaryske sintrum fan Orléans.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It Maison Jeanne d'Arc is it hûs dêr't Jeanne yn 1429 wenne. It hûs waard yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige, mar mei âld materjaal neitiid rekonstruearre.
  • De Cathédrale Sainte-Croix (Katedraal fan it Hillich Krús) is oarspronklik in 13e iuwsk bouwurk. Hugenoaten fernielden it gebou foar it measte (útsein it 3e en 4e travee fan it skip), sadat it grutste diel fan de katedraal sûnt it begjin fan 'e 17e iuw datearret. Ek de Dútsers en Amerikanen feroarsaken yn 'e Twadde Wrâldkriich grutte skea oan it gebou. Oare monumintale tsjerken yn it histoaryske sintrum binne de Saint-Aignan oan 'e Rue du Cloître Saint-Aignan, de Saint-Paterne oan 'e Rue Bannier, de Saint-Euverte oan 'e Rue de l'Etelon, de Notre-Dame-de-Recouvrance oan 'e Rue de Notre-Dame-de-Recouvrance en de Saint-Donatien oan 'e Rue de la Charpenterie.
  • Yn it Musée de Beaux Arts is Frânske keunst fan 'e 15e oant 20e iuw te sjen.
  • It troch de famylje Groslot boude Hôtel Groslot wie eartiids û.o. it ferbliuw fan 'e Frânske kenings Frâns II en Karel IX en keninginne Katarina de' Medici.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: