Springe nei ynhâld

Saksetiid

Ut Wikipedy
Fryslân ûnder de Saksen
01498 - 1524
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Frjentsjer
offisjele taal Aldfrysk/Midfrysk
Nedersaksysk
steatsfoarm hearlikheid
ûntstien út Fryske Frijheid
opgien yn Hearlikheid Fryslân
no diel fan Fryslân
Skieringers yn Medemblik freegje hartoch Albrecht om beskerming yn maart 1498 (Julius Scholz (1825-1893)

De Saksetiid wie it tiidrek tusken 1498 oant 1515 (de facto) of 1524 (offisjeel). Fryslân hie yn dat tiidrek te krijen mei in grut tal Dútske gesachsdragers en hege amtners. It Dútsk waard ynfierd as offisjele bestjoerstaal.

Machthawwers ûnder it Saksysk bewâld wienen:

Albrecht fan Saksen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 14e en 15e iuw wie Fryslân rekke behelle yn de partijstriid tusken Skieringers en Fetkeapers. Op de ein fan de 15e iuw like it derop dat de Fetkeapers it pleit winne soene mei stipe fan de stêd Grins. De Skieringers stienen mei de rêch tsjin de muorre en keazen doe as potestaat Juw Dekama, dy't lykwols net op eigen krêft Fryslân ûnder kontrôle krije koe. Hy fersiket dêrom yn 1498 oft Albrecht fan Saksen it bestjoer oer nimme wol. In Skieringer ôffurdiging reizget nei Medemblik, dêr't sy yn maart dat jier Albrecht erkenden as 'hear fan Westergoa yn Fryslân', op betinkste dat er nammens it it Ryk beneamd wurde soe as steedhâlder, oars koe der wer ôfsetten wurde; dy ôfspraak waard bekrêftige by it Ferdrach fan Snits op 30 april 1498[1].

Foar koarte tiid slagge Albrecht deryn de rêst yn Fryslân te op te helpen. Dêrfoar frege er lykwols in hege priis. De keizer, Maksimiliaan, dy't foar grutte bedraggen by Albrecht yn it kryt stie beneamde him as erflik gubernator en potestaat nammers de Roomske kening fan it Hillige Roomske Ryk. Sadwaande krige er it bewâld oer de gebieten Eastergoa, Westergoa, Sânwâlden, de Stellingwerven, de Ommelannen, Dithmarschen en Noard-Fryslân (20 july 1498)[2]. Letter waarden dêr noch oan tafoege: East-Fryslân, de stêd Grins en Bûtjadingen (27 maart 1499)[3].

Albrecht soe der lykwols net yn slagje om syn bewâld yn alle dy gebieten útoefenje te kinnen. Hy krige inkeld it lân westlik fan de Lauwers fêst yn hannen, de earste faze fan it Saksyske Skeel. Dêr set er in nij bestjoersapparaat op poaten mei it Dútske as offisjele taal. Dy feroaring soe in grutte tebeksetter wurde foar de Fryske taal, en der kaam in ein oan it brûken fan it Frysk yn it offisjele ferkear.

Joaris mei it Burd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Albrecht yn 1500 ferstoar namen syn soannen Hindrik en Joaris syn taken oer. Fiif jier letter joech Hindrik syn rjochten oer oan Joaris, dy't dêrnei allinnichhearsker waard. Joaris koe lykwols syn gesach net yn alle Fryske gewesten , dy't harren eigen hearskers hiene, jilde litte. Yn 1514 besoct er Grins en de Ommelannen te oermasterjen, mar dêr ropten se de help yn fan greve Edzard I fan Eastfryslân en hartoch Karel fan Gelre dat late ta de twadde faze fan it Saksyske Skeel. Mei dy bûnsmaten waard de gubernator weromdreaun ta yn Ljouwert, Harns en Frjentsjer.

Gelderske Krigen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 19 maaie 1515 die George fan Saksen ôfstân fan Fryslân. Hy ferkocht it foar de prys fan f. 100.000,-- oan Karel V, hartoch fan Boergonje en letter de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Karel stelde Floaris fan Egmont as earste Fryske steedhâlder oan, dochs hie gjin kontrôle oer it gebiet. Guon Fryske haadlingen sochten stipe by Karel fan Gelre, dêr't it Westerlauwerske ek yn de Gelderske Krigen behelle rekke. It plattelân hie in soad te lijen fan de tsierende partijen en rôversbinden. Joarsi liet in binde hierlingen efter, de Swarte Heap neamd en dy loeken plonderjend troch it gebiet hinne. Boer Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, waard dêr ek slachtoffer fan. Hy sammele in legerke byinoar, de Arumer Swarte Heap en mei stipe fan de Geldersken jage er de Swarte Heap út Fryslân wei en fear er op de Sudersee en foel er Hollân oan. Underwilens hie Karel fan Gelre sels grutte ambysjes Fryslân ûnder kontrôle te krijen. Teloarstellend luts Pier him werom nei Snits en ferstoar yn 1520 dêre. Wijard Jelckama naam de striid fan him oer, mar waard yn 1523 troch it leger fan Karel V ûnder lieding fan Georg Schenk fan Toutenburch ferslein. Jelckama waard yn Ljouwert yn it iepenbier ûnthalzge en yn 1524 kaam Fryslân ûnder it bestjoer fan Schenk fan Toutenburch, dy't steedhâlder yn namme fan Karel V waard. De Hearlikheid Fryslân waard yn desimber 1524 oprjochte en waard oan de Habsburchske Nederlannen en de Boergondyske Rykskrite taheakke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Johan Frieswijk e.a., Fryslân, staat en macht 1450-1650: bijdragen aan het historisch congres te Leeuwarden van 3 tot 5 juni 1998 (Hilfersom 1999) 90. Uitgeverij Verloren.
  2. Frieswijk e.a., Fryslân, 92
  3. Frieswijk e.a., Fryslân, 93