Huzum

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Huzum
Flagge fan Huzum Wapen fan Huzum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Huzum
Gemeente Ljouwert
Ynwennertal (2004) 9000
Webstee Webstee Huzum
De Huzumer doarpstsjerke

Huzum is in gebiet fan de stêd Ljouwert. Eartiids wie it in doarp yn de gritenij Ljouwerteradiel. Der binne likernôch 9.000 bewenners. Huzum falt ûnder de wenwyk Potmargesône.

Huzum is wol wat in spesjaal part fan Ljouwert. De minsken dy't der wenje neame harsels Huzumers. Dat komt benammen troch de wichtige winkelstrjitte de Skrâns. Dêr is fan alles te keap en dêrom is by de Huzumers de needsaak om de stêd yn te gean minder.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âlde doarp Huzum is boud op in terp. Likernôch 1000 nei Kristus waard dy foar it earst bewenne. De earste skriftlike boarne dêr't Huzum yn neamd waard, is in brief fan Wibald fan Stablo, de abt fan de Abdij fan Corvey. Dy skreau syn brief út namme fan de "Khristenen van de Parochie Lieuward ten jaren 1149" oan de biskop fan Utert. Neist foarstellen oer de tsjerke fan Ljouwert, joech dy abt yn syn brief advizen om de oanlis en de bewenning fan Huzum opgean te litten yn dy fan Ljouwert.

Om 1400 hinne stie de Aebingastate besudeasten Huzum, op it plak fan de hjoeddeistige Abbingapark. De state waard yn 1859 ôfbrutsen.

Oant 1 jannewaris 1944 wie Huzum it haadplak fan de gemeente Ljouwerteradiel. Under de Dútske besetting waard it súdlike stik fan de gemeente Ljouwerteradiel, it Sudertrimdiel, by de gemeente Ljouwert foege. Dêrtroch waard Huzum in wenwyk fan Ljouwert. Oant 1965 stie it gemeentehûs fan Ljouwerteradiel noch yn Huzum.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huzum wurdt ûnderskaat yn trije parten: Huzum-West, Huzum-East en Huzum-Doarp. De ôfskieding tusken east en west wurdt foarme troch de Skrâns en Ferlingde Skrâns. De ôfskieding tusken east en it âlde doarp Huzum wurdt foarme troch de Wurdumerfeart, dy't yn De Potmarge útmûnet.

Huzum-Doarp is in âlde doarpswyk dêr't de rêst noch hieltyd bewarre bleaun is. Midden yn it doarp, oan de râne fan it Abbingapark, stiet de doarpstsjerke Huzum, it âldste monumint (12e iuw) fan de stêd Ljouwert. De tsjerke hat ien fan de meast represintative ynterieurs fan de Gouden Iuw, dêr't de Stifting Alde Fryske Tsjerken de tsjerke, mei de âldste preekstoel, troch sûnt 2013 ûnder behâld te nimmen. Yn de tsjerke is in warber kultureel libben, dêr't konserten, útstallings en lêzings troch foaroansteande Nederlanners holden en organisearre wurde. Om de tsjerke hinne leit in monumintaal tesjerkhôf dêr't ferskate ferneamde Friezen begroeven lizze.

Oan de Tynjedyk, ien fan de strjitten dy't troch it doarp rint, is in fêstiging fan Intratuin. Ofrûne jierren waard der boud op it eardere Faber-Haardenterrein, dêr't hjoed-de-dei nijbouwyk Suderplantaazje boud waard. De huzen dy't yn de styl fan de 1930-er jierren boud waarden, wiene fuortendaliks útferkocht. Ek hat de nije wyk yn it doarp in 52 meter hege wentoer mei dêrnjonken noch twa appartemintekompleksen.

Huzum-East is in griemmankwyk mei de Huzumerleane as âldste part. Dêr benefter is oan de iene kant it HBU-kompleks fan de Hegeskoalle Van Hall Larenstein, dy't oan De Potmarge leit. Oan de oare kant is in wenwyk mei benammen neikriichske wenten. Ek is dêr in nijbougebiet bykommen yn it projekt Aan de Potmarge.

Tusken east en west is der noch in stripe dat ynsletten wurdt troc de Eastergoawei en de Skrâns. De Huzumerleane rint troch dat gebiet hinne as in lint dy't Huzum-Doarp mei Huzum-West ferbynt. Yn dat gebiet binne in tal kantoarpannen en de Alde Badwei, dêr't eartiids oan in soad folkstunen stiene. Dy tunen hawwe njonkelytsen plakmakke foar it Medysk Sintrum Ljouwert. Der is noch in lyts stikje fan de Alde Badwei oer.

Huzum-West is in grage wenwyk dy't justjes nei it begjin fan de tweintichste iuw ûntstie. Huzum-West is ferparte yn trije buerten: Hollanderwyk, Skilderswyk en de Letterkundigewyk. De Hollanderwyk is in beskerme stedsgesicht en hat de pree omreden fan de arbeiderhûskes. Yn dy buert is mar in bytsje nijbou, en de huzen steane lykwols net lang te keap.

Natoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huzum hat in reedlik soad natoer en hat trije parken:

  • It Abbingapark waard yn 1978 oanlein. It hat in tytse bernepleats en in wenweinkamp. It park leit njonken de doarpstsjerke fan Huzum, mei dêroanlizzend it Huzumer begraafplak.
  • It Julianapark waard oanlein as wurkferskaffingsprojekt, benammen foar wurkleazen yn Ljouwerteradiel.
  • De Potmarge is in rivier mei in stikje bosk dat Huzum-Doarp mei Achter de Hoven en de Skipsbuert ferbynt.
  • Eartiids wie der noch in park, it Borniapark, dat inkelde jierreb nei de Twadde Wrâldkriich ferdwûn. Op de grûn fan dat park stiet hjoed-de-dei it Medysk Sintrum Ljouwert.

It Huzumersk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stedsk dat in echte Huzumer praat is wat ôfwikend fan de it stedsk dat yn oare parten fan de stêd foarkomt. It komt wat sêfter, formeler oer: oantsjuttings as 'dou' of 'stou' sil in echte Huzumer net brûke; hy sil altyd foar 'jou' kieze.

Taal Sin
Frysk Dat moasto net dwaan.
Ljouwertersk Dat mustou niet doen.
Huzumersk Dat mutte jou niet doen.
Nederlânsk Dat moet je niet doen.

Berne yn Huzum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark