Springe nei ynhâld

Aldlân (wyk)

Ut Wikipedy
Aldlân East en West

Aldlân wie oant 2018 in wyk fan Ljouwert mei in oerflakte fan 131 ha. en sa'n 6300 ynwenners (2008). Yn 2018 waard Aldlân gearfoege mei De Himrik (Bedriuweterrein-East) ta de wyk Aldlân-De Himrik. De wyk bestiet út Aldlân-West en Aldlân-East, mei dêr tuskenyn de Drachtsterwei.

De wyk neist Aldlân hjit Nijlân. Dit hat noch te krijen mei de Middelsee, dêr't it 'Aldlân', it âlde lân by is en it 'Nijlân', it nei de ôfsluting fan de Middelsee ûntstiene lân.

De wichtichste dyk dy't troch de wyk rint hjit yn Aldlân-West de Weidefloara, en yn Aldlân-East de Stinzefloara. De oare strjitten yn de dielen fan de wyk hawwe ek de nammen fan planten en gerssoarten dy't yn greiden groeie: (Raaigras, Kamgras, Beemdgras, ensfh.) en stinsen (Zenegroen, Lenteklokje, ensfh.).

De bou fan de wyk begûn om 1972 hinne. De wyk rint yn it noarden oant de Aldlânsdyk, yn it easten oant de Wide Greons, yn it suden oant it Van Harinxmakanaal, en yn it westen oant de Oeriselskewei.

Yn Aldlân-West stiet ek de iepenbiere middelbere skoalle Piter Jelles Aldlân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark