Springe nei ynhâld

Blitsaerd

Ut Wikipedy
Blitsaerd
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Plak Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 1.100 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 124 ha
Oar
Koördinaten 53° 13′ NB, 5° 50′ EL

De Blitsaerd is in buert fan Ljouwert dêr't earder de Bullepolder wie. De Blitsaerd is mei De Súdlannen ien fan de nijste wiken fan Ljouwert. Blitsaerd wie oarspronklik in terp, lizzend op it twadde persiel lofts fan de Lekkumerwei. Letter waard de buorskip Blitsaerd oantsjutten as it gebiet tusken de mear (grinssleat) de Bonke en de hjoeddeiske Miedwei. Hy wurdt yn 1490 Blitzaerda weij en letter ek Blissaerd, Bletsaerd en Blytssaerd neamd. De term ‘blits’ hat te krijen mei ‘blik’ en ‘blinkend’. By't winter lei it gebiet ûnder wetter. Yn de rin fan maaie kaam it gebiet drûch te lizzen en riisde it as glânzjend út it lânskip omheech. De doarpen om Blitsaerd hinne (Lekkum en Snakkerbuorren) hawwe de útwreiding fan Ljouwert lang opkeard. In 2006 waard begûn mei de bou en op 8 july 2006 waard de earste wente oplevere.

It keunstwurk Aukje oan de Bonkefeart

De strjitten krigen as namme:

  • Auck Petersstrjitte - Eigener út de histoarje fan it oanbelangjende grûn yn de wyk. De, út de bekende Ljouwerter patrysjerslaach fan de Auckema’s kommende frou stifte it Old Burger Weeshuis yn 1533 te Ljouwert. Se ferkocht har besittings yn 1509 oan Hemma Oddazin.
  • Blitsaerderleane - Trochgeande dyk troch de wyk Blitsaerd. Alle stikken lân makken diel út fan it op de terp lizzende buorskip. De ôfgroevene terp stie op it twadde persiel lofts nei it passearen fan de brêge oer de Bonke, yn de Lekkumerwei rjochting Lekkum. It hiele lân fan Snakkerbuorren oant de Murk/Alddeel waard as Blitsaerderhimrik oantsjutten. De strjitnamme Blitsaerderwei kaam foar it earst foar yn 1490. It is in âlde namme foar de hjoeddeiske Miedwei.
  • Fikarijhôf - Ferwiist nei de helppreester út it roomske ferline fan Lekkum. It stik tsjinne yn de pre-reformatyske tiid (dat foar 1580) ta it ûnderhâld fan de fikaris fan de tsjerke fan Lekkum. It lei yn it easten fan dit gebiet, net fier fan de Murk.
  • Hemma Oddastrjitte - Eigener út de histoarje fan it oanbelangjende grûn yn de wyk. Hemma Oddazin of Oddasoan wie stedssekretaris fan Ljouwert om 1500 hinne. It troch him legatearre replike en net-replike goed makken de stifting fan it Wite Nonne- of Dominikanessen-kleaster ± 1522 mooglik. Hy hie ûnder oare lân yn de buert fan it lettere Tolhûs.
  • Jacob fan Wieringenstrjitte - Eigener út de histoarje fan it oanbelangjende grûn yn de wyk. Jacob Jansen fan Wieringen, stamfaar fan de foaroansteade famylje Buygers dêr't de leden fan ferskillende bestjoersfunksjes beklaaiden, wie yn de jierren 1523-1525 boargemaster fan Ljouwert. Nei de famylje Buygers is de terp fan Tabebuorren eastlik fan Lekkum neamd. Syn skaai wie besitter fan twa pleatsen, ien op de terp fan Buygers (floreennûmer 7) en ien oan it begjin fan de Blitsaarderleane, de hjoeddeiske Miedwei (floreennûmer 5). De lêste pleats hie syn lannen krekt yn dizze stedsútwreiding.
  • De Liespôle - Namme fan in polderke fan sân pûnsmiet dat op de Bonke ôfwettere.
  • It Sinderlân - Dat stik lân lei fuort noardeastlik fan it Ald Tolhûs. It waard yn 1481 en neifolgjende jierren neamd as Zinderland en kaam yn 1508 yn hannen fan it Hillich Sakremintsgilde (de behearder fan it Sint Jacobsgasthûs). Troch dy ynstelling, dy't yn 1531-1533 opgie yn it Sint Anthony Gasthûs, yn hannen fan de lêstneamde ynstelling.
  • Susternemear - Mear betsjut skiedingssleat. Krektas Sint Ceciliënmear is dat in âlde namme fan de Bonke. Eartiids waard dat ek wol oantsjutten as Blitsaerdermear. Susternemear is ôflaat fan de Grouwe Beginen (susters fan de tredde regel fan Sint Franciscus) waans kleastertsjerke de lettere Westertsjerke en oant 2016 Teäter Romein wie. De nonnen hienen dêr benoarden it Tolhûs stikken lân.
  • Sint Ceciliënmear - Mear betsjut skiedingssleat. Sint Ceciliënmear is de âlde namme foar de Bonke. De namme komt fan de patronesse fan de tsjerke fan Lekkum, de hillige Cecilia. Yn Fryslân wie fierders allinnich de tsjerke fan Easternijtsjerk oan dy hillige wijd.
  • Sudermieden - Achttjinde-iuwske oantsjutting foar de lannen súdeastlik fan de útein fan de Miedwei. Dy lannen leinen yn it suden fan de himrik fan Lekkum.
  • Tolhûswei - De tagongsweg fan de wyk ferwiist nei it eardere tolhûs oan de Grinzerstrjitwei. Yn 1531 waard troch it stedsbestjoer fan Ljouwert de Swartewei oanlein, de foarrinder fan de Grinzerstrjitwei. De stêd krige it rjocht tol te heffen, fandêr it tolhûs.

Besteande strjitnammen:

  • Kealledykje -
  • Miedwei -

De ferneamdste bolle út Fryslân is Blitsaerd Keimpe.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East • Aldlân-De Himrik • Bilgaard-Havankpark en omkriten • Binnenstêd • De Súdlannen • Foksepark-Helicon • Frijheidswyk • Heechterp-Skieringen • Himpens/Tearns-Suderbuorren • Huzum-West • Kammingabuorren en omkriten • Middelsee • Nijlân-De Swette • Potmargesône • Sonnenborgh en omkriten • Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân • Bedriuweterrein-East • Bedriuweterrein-West • Kammingabuorren • De Swette • Faleariuskertier-Meagere Greide • Flietsône • Fûgelbuert-Muzykbuert • Grutte Wielen-De Griene Stjer • Huzum-East • Oldegalileën-Blommebuert • Oranjewyk • Skieringen-De Sintrale • Transfaalwyk-Rengerspark • Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark